Kat seis dagen yn beam is útsûnderlik: "Lever en nieren ha flink te lijen"
Seis dagen lang siet kat Felix fêst yn in beam yn Ljouwert. Neffens bistedokterassistinte Sigrid Metz is sa'n gefal seldsum. "Sa lang as dit ha ik noch noait meimakke."
De brânwacht hie al twa kear besocht Felix út de beam yn de Frijheidswyk te heljen, mar it bistje krûpte allinnich mar heger de beam yn. Sels it minne waar fan moandeitejûn koe Felix net oertsjûgje om foet oan de grûn te setten.
Yntusken is de kat de beam wer út.
Neffens Metz komt it wolris foar dat in kat ien of twa dagen yn in beam sit, mar sa lang as Felix is útsûnderlik. Metz tinkt dat de kat yn de beam siet troch eangst. "Guon katten binne allemansfreonen, mar oare hâlde hielendal net fan frjemde minsken."
Dat soe ek in reden wêze kinne wêrom't Felix it hegerop socht.
Baaske Yvonne Span sit mei de hannen yn it hier.
Baaske Yvonne Span makket har soargen om Felix
Gelokkich is Felix yntusken de beam wer út. As dat net bard wie, koe se derút falle, omt se hielendal ferswakt wie. Ite die Felix nammentlik net yn de beam.
"De lever en nieren ha der flink fan te lijen. Betink mar ris wat der bart ast sels seis dagen gjin wetter drinkst", seit Metz. Dat kin bliuwende skea oan de nieren opsmite.
Katten binne lykwols fearkrêftige bistjes, wit Metz: "Je hearre wolris faker dat katten in wike kwyt binne en dan yn in garaazje of skuorre sitte. Se oerlibje dat. Se litte ús dus ek wolris ferwûnderje."