Omrop Fryslân

Minister Hermans wol dúdlikheid jaan oer de gaswinning by Ternaard, mar no noch net

Minister Sophie Hermans wurdt ûntfongen troch boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast Fryslân
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Mei protestbuorden, in Fryske flagge dy't healstôk hinget en sjongerij is minister Sophie Hermans fan Klimaat en Griene Groei moandei ûntfongen foar it doarpshûs fan Ternaard.
Hast tsien jier lang is der al praat oer it winnen fan gas ûnder it Waad fan in plak by it doarp ôf. In definityf beslút is no kommendewei.

Net simpel

Binnen yn it doarpshûs wachtsje de fertsjinwurdigers fan it doarp en de gemeente.
Bûten ûntfangt boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân de minister. Demonstranten sprekke har oan en Hermans harket.
Minister Sophie Hermans fan Klimaat en Griene Groei wie wolkom yn Ternaard
Neffens ien fan harren is it hiel ienfâldich. Sy moat gewoan 'nee' sizze tsjin de plannen fan de NAM. "Was het maar zo simpel", antwurdet de minister laitsjend.
"Dat durf ik niet precies te zeggen", seit sy letter op de fraach wannear't sy in kabinetsbeslút ferwachtet. "Daar wil ook echt heel voorzichtig mee zijn."
De twa wichtichste fragen dêr't Hermans yn Ternaard in antwurd op socht, wiene: "Wat willen jullie het liefst en wat hebben jullie nodig? Dat was het eerste. En waar zitten de grootste zorgen, was de tweede vraag."

"Mijn positie is dat ik me laat informeren"

Oer har eigen stânpunt:
"In de twee maanden dat ik bezig ben, verdiep ik me in dit dossier en in het vraagstuk van gaswinning in Nederland. Wat hebben we nu nog nodig aan gas in die hele energietransitie waar we in zitten? En ook: wat het betekent als je kijkt naar Ternaard, de omgeving en de Waddenzee natuurlijk, als je voor zo'n besluit staat? Dus mijn positie is nog dat ik me laat informeren."
Minister Hermans praat mei in aksjefierder
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn Ternaard en op alle oerhiedsnivo's yn Fryslân is eltsenien tsjin nije gaswinning by Ternaard. Dat is nochris befêstige, seit boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân.
"It wie hiel dúdlik: doch it net en lit it gas mar sitte." Mar ek: "nim no ris in kear in beslút om it net te dwaan, want dan witte wy ek wêr't wy oan ta binne."
Dat lûd hat Hermans heard: "Dat proef ik en dat voel ik. En ik voel het ook als een verantwoordelijkheid van dit kabinet om die duidelijkheid te verschaffen. Maar ik wil het ook op een zorgvuldige manier doen. Want dat was ook iets anders hierbinnen. Zorg er wel voor dat de kwaliteit van het besluit goed is."

"Earste dy't ús hearde"

Hermans is net de earste minister dy't it doarp oer dit ûnderwerp ûntfongen hat.
"Dit is eins de earste dy't ús hearde. De oaren dy harken wat en gongen wer fuort en dat wie it dan. Ik ha dochs wol it idee dat sy der wat mei dwaan wol", seit Eelco Duurken fan Doarpsbelang Ternaard.
"Eltsenien hat de gelegenheid hân om fragen te stellen en syn of har miening te jaan. Dêr hie sy in lústerjend ear foar."
Ek de Waadferiening is posityf oer harren petear mei Hermans.
"Een groot compliment dat ze eerst naar Fryslân komt en daarna een besluit neemt in plaats van dat ze een besluit komt brengen", seit Frank Petersen fan de feriening. "We kunnen dit misschien als een strohalm beschouwen om ons aan vast te houden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.