Omrop Fryslân

Wetterskip is ekstra foarsichtich by ûnderhâld PFOS-fearten

Oan it wetter kinne je it sa net sjen
© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hellet wetterplanten yn de Jelsumer Feart en Lytse Feart dizze simmer ekstra foarsichtich fuort. Dat hat alles te krijen mei de PFOS-fersmoarging dy't begjin dit jier ûntdutsen waard.
Der is ûnderhâld fan de haadwettergongen nedich, om wetter goed oan- en ôffiere te kinnen en de fearten befarber te hâlden. Wetterskip Fryslân en gemeente Ljouwert sille mei-inoar wetterplanten fuorthelje.
Dat ûnderhâld wurdt dus op in oare wize oanpakt, om't it oerflaktewetter en de boaiem fersmoarge binne mei PFAS.
Dêrom wurdt der in meansammelboat brûkt, dy't de boaiem minder omwrot as by it hekkeljen. De planten wurde ôffierd en komme dus net op de wâl te lizzen.

Ekstra meunsters

Wetterskip Fryslân hat om juny hinne op alve mjitpunten om de Jelsumer Feart hinne nochris ekstra meunsters naam fan it oerflaktewetter. Dêrfan wiene fiif punten nij. De útkomsten hawwe foar GGD Fryslân gjin reden foarme foar oanfoljende advizen.
De kommende tiid wurdt der ek oanfoljend ûndersyk dien nei de kwaliteit fan it slyk yn de wetterboaiems fan sleatten. Dy steane allegearre yn ferbining mei de Jelsumer- en Lytse Feart.
It ûndersyk nei PFAS yn aaien rint noch hieltyd. Oant dat klear is, krije minsken it advys om gjin aaien te iten fan piken om de Jelsumer Feart en Lytse Feart hinne.

Yn de hjerst sanearje

It Ryksfêstgoedbedriuw makket in plan om it eardere oefenterrein fan de brânwacht op de fleanbasis te sanearjen. Op dat plak binne de heechste PFOS-gehalten metten yn it oerflaktewetter.
PFOS is in stof dy't ûnder de PFAS falt en dy't skealik is foar minsk en miljeu. Earder hat bliken dien dat de fersmoarging komt troch it blusskom fan de brânwacht. Dat skom is yntusken al in skoft ferbean.
As dit plan klear is, moat it noch goedkard wurde troch de Inspectie Leefomgeving en Transport, gemeente Ljouwert, FUMO en Wetterskip Fryslân. De hoop is dat it wurk yn de hjerst úteinsette kin.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.