It geheim fan fierljepper Germ Terpstra: wat makket dit toptalint sa goed?
Hy is noch in junior, mar hy is dit seizoen de grutte prizepakker by it fierljeppen: Germ Terpstra fan Tsjom. Wat makket him sa goed en wat is syn geheim?
It is in moaie simmerjûn yn Drylts as der in soad taskôgers in plakje sykje op de bulte tsjinoer de skânsen. De simmersinne ferwaarmet de hollen fan de leafhawwers dy't hoopje op in sensasjonele springjûn.
Alle eagen binne dêrfoar rjochte op ien man.
Fierljepper Germ Terpstra: wêrom is hy sa goed?
Oan de oare kant fan it wetter makket junior Germ Terpstra him klear foar de wedstriid. De 18-jierrige ljepper lûkt sprintsjes en klimt yn in peal efter de skânsen.
Nei wat rekoefeningen sjocht er oer de skânsen hinne nei it publyk.
"Do giest no de hiele jûn op syk nei myn geheim tink", laket hy yn de mikrofoan wylst er syn trui útdocht. "Mar dan ha ik min nijs foar dy, ik wit it sels net iens."
Germ Terpstra is hjoed ien fan de dielnemers oan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip. It is de iennige wedstriid wêrfoar't elkenien him ynskriuwe kin.
Oerdei binne de foarrondes, om 18.30 oere begjint de finale. Dy wurdt live útstjoerd op Omropfryslan.nl, de Omrop-app en ús YouTube-kanaal.
Net allinnich de sinne, mar de fierljepsprongen fan Terpstra ferwaarmje it publyk gauris dit jier. Hy ljept in junioarerekôr út de boeken, wûn tsien wedstriden op rige en ljepte de measte meters byinoar.
"Ik hâld myn hiele libben al fan klimmen. By ús thús binne it allegear balkjes, latsjes en ringen troch de skuorre hinne. Dêr gean ik altyd op en del."
Ik bin net benaud om in flater te meitsjen.
Terpstra begûn mei it fierljeppen troch in proefles op skoalle, wêr't hy net fuortendaalks opfoel.
"Dy klasgenoaten fan my sprongen echt wol in meter fierder al. Mar ik fûn dat klimmen sa geweldich moai, dat ik altyd gewoan trochtraind haw."
Op lettere leeftiid begjint de goederlaakse en blonde jonge te groeien. De krêft yn de earms nimt ta en dus klimt er gau nei de top.
"Ik bin ek net benaud om in flater te meitsjen en lis wol gauris wat risiko yn myn spul. Dêrtroch komme je ek fierder as it wol goed giet."
De tweintich foarby
Terpstra rint nei de skâns ta as de speaker syn namme neamt. De leafhawwers dy't de Tsjommer al earder yn aksje sjoen hawwe, sjogge ekstra goed nei de stok dy't klear stiet.
Mei in flinke sprong springt Terpstra deryn en klimt gau nei de top.
Hy einiget foarby de tweintich meter. Gewoanwei is dat in bysûndere prestaasje foar in junior, mar Terpstra hat it dit jier gauris dien.
Hy wurdt dan ek sjoen as in grut talint dat de kommende jierren noch genôch prizen binnen helje sil.
Dochs bliuwt er sels nochter ûnder de oandacht.
"Ik doch gewoan myn ding en fyn mysels echt net bysûnder. Ik ljep gewoan alle wedstriden en sjoch dan wol oft der in priis oan hinget."