Omrop Fryslân

Lânbou is Wiersma wol tafertroud, sizze oare BBB-bestjoerders

Caroline van der Plas (r) krûpt Femke Wiersma oan by har ynstallaasje as deputearre
© ANP
Femke Wiersma (BBB) hat in flinke útdaging foar har, as beëage minister fan Lânbou. Dat sizze provinsjale BBB-bestjoerders tsjin de NOS.
De BBB sleepte by de formaasje de funksjes fan sawol minister as steatssiktaris fan Lânbou binnen. It binne twa belangrike posten foar de Boer-Burger-Beweging.
Jean Rummenie is beëage steatssekretaris. Hy wie earder lânboukundich yngenieur. It duo krijt fuortendaliks komplekse saken foar de fuotten. Ien dêrfan: it akute dongprobleem foar boeren, no 't dongútsûnderingen net mear meie. In oare: de stikstof-oanpak.

Breed draachflak

De útdaging is dy twa wol tafertroud, sizze de BBB'ers. Wiersma wie sels boer en is no deputearre yn Fryslân. Rummenie wurke út namme fan it ministearje fan Lânbou yn meardere lannen.
"Een combinatie van regionale en internationale ervaring. Hoe mooi kun je het hebben?", seit de Grinslanner deputearre Henk Emmens. Syn kollega út Limburg, Léon Faassen, sjocht "breed draagvlak" foar it duo.
De Drint Jisse Otter is ek posityf. "Maar de verwachtingen van de landbouwsector zijn torenhoog."

Tanker, gjin speedboat

Nei de ferkiezingswinst fan ferline jier sleat de BBB yn tsien provinsjes koälysje-akkoarten. Kennisorganisaasje Platform 31, dy 't de akkoarten tsjin it ljocht hold, sjocht gjin radikaal oare koers en neamt de BBB in bestjoerderspartij.
"Dat zijn we ook", seit Carla Evers, fraksjefoarsitter yn de Oeriselske Steaten. Mar der waait wol in oare wyn, seit se. "Zij het misschien niet zo snel." Faassen erkent dat lêste. "Je kunt wel een speedboot willen, maar het is meer een tanker."
"We zijn na een jaar tijd veel wijzer" seit Otter út Drinte. "Mensen verwachten dat we het allemaal even snel doen, maar het heeft natuurlijk tijd nodig."
In boer op it lân
© ANP
BBB-politisy út mear provinsjes fine dat de stikstofmjitregels, wetterrjochtlinen en dongregels op 'e nij besjoen wurde moatte.It nije kabinet moat dêrmei oan de slach.
Hawwe ekologen en juristen it dan by it ferkearde ein? Faassen fynt dat der te folle "gejuridiceerd wordt"., De útslach fan de Europeeske ferkiezingen lit dat neffens him ek sjen. "De natuurdoelen staan ook bij de BBB overeind, maar we moeten meer tijd nemen."
Is dat net al besocht? Sûnder resultaat? Te min, is de yndruk. Partijlieder Van der Plas krijt byfal foar har útspraken om no yn Brussel mear mei de fûst op tafel te slaan, ek al fermindere se har toan nei har earste petear dêr.
Dat dêr oer lake waard, neame guon flau. "Als we niets proberen zijn we geen knip voor de neus waard", seit de Grinslanner Emmens.

Soargen oer jild

Soargen binne der wol oer it jild. Yn in earder 'transysjefûns' siet 25 miljard euro, mar yn it haadlineakkoart ferdwûn dat fûns en stiet 5 miljard foar de agraryske sektor.
Bestjoerders en de Keamerfraksje kamen meardere kearen byinoar, mar de soargen binne net oeral fuort. Boppedat binne koälysjepartijen yn de Keamer it net altyd iens oer it lânboubelied.
Genôch útdagingen dus foar Wiersma-en-dy. Kin de BBB wol wiermeitsje wat de partij feroarje wol?
"Het zijn geen makkelijke maar wel mooie uitdagingen", seit Evers út Oerisel. "Ik heb in de campagne ook gezegd dat ik geen toverstaf heb. Maar stap voor stap gaan we door."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.