Omrop Fryslân

Organisaasje Slachte ropt besikers op: bliuw thús foar de tv, te wiet om te parkearjen

Wiete binde by Raerd
© Omrop Fryslân
Der is minder jubeljend publyk by de finish fan de Slachtemaraton sneon, sa is de ferwachting. De organisaasje ropt taskôgers op thús te bliuwen om it wiete waar. De greiden dêr't yn parkearre wurde moat, soene it oars net oankinne.
"It is krekt as by de Tour de France, op byld sjochst it better", leit Wiebe Kootstra fan de organisaasje út. Hy stiet yn it fjild tusken Raerd en de Snitserdyk, wylst trekkers hûnderten rydplaten oan it dellizzen binne. It reint. Alwer.
"It hat striemin waar west de ôfrûne wiken. Moandei hat it hast 24 oeren reind." De organisaasje is benaud dat as der te folle besikers binne, it parkearjen hast net mear slagget. "Op telefyzje wurdt alles útstjoerd, bliuw dus foaral thús", seit Kootstra.

Lange rits oan stiel

By Raerd wurde hast twatûzen rydplaten dellein. Dan kinne der dochs in pear tûzen auto's parkearje, mar dy plakken wol de organisaasje benammen foar de dielnimmers hâlde.
Wiebe Kootstra fan de organisaasje
© Omrop Fryslân
Troch it minne waar binne de rydplaten rôversguod. It is dreech om deroan te kommen. 1.600 platen komme út de tunnelbak ûnder de A7 by Snits wei. Dêr wurdt it as ballêst brûkt, sadat de tunnelbak net omheech komt. "Us leveransier hat gigantysk opskaald. It is hiel moai dat wy hjir beskikking oer krije koene."
Neffens Kootstra is it wol fertroud de platen ûnder de A7 wei te heljen: "Saakkundigen ha der mei dwaande west, it moat kinne, sizze se."

By de dyk del

Ek it doarp Hitzum ropt op mei de fyts te kommen. Se ha dêr in rêstpunt, in saneamde 'oäze', dêr't de kuierders efkes wat ite en drinke kinne en nei it húske kinne.
Mar de boer dy't it lân hat dêr't yn parkearre wurde moast, sjocht it net sitten dat dêr allegear auto's op komme te stean. Dêrom moatte auto's no by de dyk del parkearje. Dêr is folle minder kapasiteit.
De Slachtemaraton is sneon de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân. Wy binne der online, op tv en op de radio fan 06.00 oere ôf by.
Yn Wommels, it midden fan de rûte en de start foar de dravers fan de heale maraton, liket it op dit stuit ta te fallen mei it wiete lân. Achter de tinte fan Slachtepop kinne dielnimmers de auto delsette.
Yn Wommels leit it fjild der better by
© Omrop Fryslân
"Yn Wommels like it moandei en tiisdei hiel min", seit Kootstra. "Mar it leit gelokkich wat op in terp. De organisaasje dêr is hiel drok dwaande west om sleatten leech te pompen dus dat seach der juster al folle better út."

Faker ekstreem waar

De organisaasje dêr't Kootstra foar wurket organisearret ek oare eveneminten. Mei min waar moat hieltyd faker rekken hâlden wurde, fernimt er.
"Foarich jier hiene wy in evenemint dêr't it ek ferskriklik wiet wie, dêr't auto's fuortsleept wurde moasten. En we ha ek wol hitteprotokollen hân. It heart hieltyd faker by it eveneminten organisearjen. Do hast faker in 'plan b' yn 'e efterholle."
Mei dit wiete waar hat de organisaasje alle dagen nei de Slachte ta kontakt mei waarman Jan Jonkman om sa better taret te wêzen op it waar fan de dei sels.
Mar om grutte drokte op de lannen foar te bliuwen, werhellet Kootstra no al syn oprop: "Bliuw thús en kom net del, hielendal net yn Raerd. It is in crime om de auto kwyt te kinnen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.