Omrop Fryslân

Wurksumheden boarplatfoarm Skiermûntseach bliuwe foarearst stillizzen

De Ried fan Steat is de heechste algemiene bestjoersrjochter fan Nederlân
© Raad van State/Tineke Dijkstra
De wurksumheden fan gasbedriuw ONE-Dyas oan in boarplatfoarm boppe Skiermûntseach bliuwe foarearst stillizzen. Dat is de útkomst fan in behanneling fan in tydlike foarsjenning oer de kwestje.
Dy tydlike foarsjenning waard woansdei ynhâldlik behannele by de Ried fan Steat yn Den Haag. Nei ôfrin joech de rjochtbank oan foar 21 juny mei in definitive útspraak yn de saak te kommen.
De Ried sil no earst útsykje oft der by de bou fan it boarplatfoarm te folle stikstof produsearre wurdt, dy't dan wer delslacht op in Natura2000-gebiet yn de dunen fan Skiermûntseach.

Omjouwingsfergunning

Ein maaie krige gasbedriuw ONE-Dyas in omjouwingsfergunning fan it ministearje fan Ekonomyske Saken foar de bou fan in boarplatfoarm boppe Skiermûntseach. Ferskate Nederlânske en Dútske natuerklups ha oankundige dy beslissing oan te fjochtsjen.
In fergunning om gas te winnen boppe it eilân is earder al ôfjûn.
ONE-Dyas wol gas winne út it saneamde gasfjild NO5-A. Dat leit tweintich kilometer noardlik fan Schiermûntseach yn de territoriale wetters fan Nederlân en Dútslân.
It bedriuw krige yn 2022 in fergunning fan steatssekretaris Vijlbrief fan Mynbou om dêr gas te winnen. De Dútske dielsteat Nedersaksen joech ek in fergunning ôf.
Neist in fergunning foar it winnen fan gas is ek in fergunning nedich foar de bou fan it boarplatfoarm.
Sa'n juridyske proseduere kostet tiid. Yn de tuskentiid woe ONE-Dyas trochgean mei de bou fan it boarplatfoarm.
Beswiermakkers wiene benaud foar 'onherstelbare schade' troch dizze wurksumheden. Derom stapten se ferline wike foar in tydlike foarsjenning nei de Ried fan Steat.
Lokaasje gaswinning N05-A
© Omrop Fryslân
De Ried fan Steat gie ferline wike mei yn dat ferhaal. Dat betsjut dat de tastimming dy't it bedriuw hie fan de minister en steatssekretaris foar nije gaswinning foarearst skrast waard.
Oant der in útspraak leit, mei ONE-Dyas net úteinsette mei de wurksumheden op lokaasje.
It gasbedriuw hopet noch altyd dit kalinderjier it earste gas út de Noardsee te heljen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.