Omrop Fryslân

Sjoch hjir hoe't aksjefierders fan Greenpeace in boarplatfoarm op de Noardsee beklimme

Sa beklimt Greenpeace it driuwend boarplatfoarm op de Noardsee
Njoggen aksjefierders fan Greenpeace binne op it boarplatfoarm Prospector 1 klommen, út protest tsjin nije gasboarrings. De organisaasje hat dêr no sels bylden fan nei bûten ta brocht.
It boarplatfoarm dêr't de aksjefierders tiisdeitemoarn op klommen binne is fan gaswinningsbedriuw ONE-Dyas. Dat bedriuw hat tastimming krigen foar nije gaswinning op 20 kilometer út de kust, boppe Skiermûntseach en it Dútske Borkum.
Mei it nijs fan de tydlike foarsjenning dy't de Ried fan Steat tiisdei ynsteld hat, is foar Greenpeace it doel foarearst berikt. Der is bepaald dat ONE-Dyas de opbouwurksumheden foarearst stillizze moat. De aksjefierders fan Greenpeace sille it platfoarm ferlitte, sa lit de miljeu-organisaasje witte.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.