Greenpeace beklimt nij boarplatfoarm ONE-Dyas boppe Skiermûntseach
Nederlânske en Dútske aksjefierders fan Greenpeace protestearje sûnt de nacht fan moandei op tiisdei op de Noardsee tsjin nije gasboarrings boppe Skiermûntseach.
Njoggen klimmers binne op it nije boarplatfoarm fan gaswinningsbedriuw ONE-Dyas klommen. Se sitte dêr noch hieltyd.
ONE-Dyas wol boppe Skiermûntseach in nij gasfjild oanboarje. Op it stuit driuwt dat platfoarm op de Noardsee, sa leit wurdfierder Tom Grijsen fan Greenpeace út. Yn totaal binne 21 aksjefierders yn fjouwer boatsjes oan it demonstrearjen by it platfoarm.
De groep is it net iens mei de nije boarfergunning dy't it bedriuw krigen hat, nei't de rjochtbank yn Den Haach de fergunning foar boarprojekt earder ferneatige. It bedriuw moast earst mear gegevens oanleverje oer skea oan seehûnen en it beheinen fan stikstofútstjit.
Tastimming krigen
Dat hat it bedriuw yntusken dien. Minister Van der Wal en steatssekretaris Vijlbrief joegen dêrnei op 'en nij tastimming foar de gaswinning op 20 kilometer út de kust.
De oerheid fynt gaswinning yn de Noardsee nedich om noch wat eigen gasproduksje te hâlden, nei't de fjilden yn Grinslân sletten binne. Nederlân wie oant in pear jier lyn in grutte gaseksporteur en is no tige ôfhinklik fan gasymport út it bûtenlân.
Zolang wij aanwezig zijn kunnen zij dat ding niet installeren en beginnen met de operatie.
Moandei waard bekend dat ferskate oare natuerorganisaasjes lykas it Wrâldnatuerfûns en Natuermonuminten trochsette mei harren juridyske striid tsjin de gasboarrings.
Doel fan dizze aksje fan Greenpeace is it stilsetten fan de tariedings fan it bedriuw foar de nije gaswinning boppe de Waadeilannen. "Zolang wij aanwezig zijn kunnen zij dat ding niet installeren en beginnen met de operatie", fertelt Grijsen. "Uiteindelijk hopen we dat we als Europese landen gaan zeggen: we kondigen een verbod af."
De aksjefierders bliuwe sille sa lang mooglik sitten bliuwe, seit Grijsen. "Of we het boren kunnen keren is de vraag, maar het zal niet aan ons hebben gelegen."
Prospector 1
In wurdfierder fan ONE-Dyas befêstiget dat aksjefierders tiisdeitemoarn it mobile boarplatfoarm Prospector 1 beklommen hawwe. "De autoriteiten zijn op de hoogte gebracht van de actie."
It bedriuw seit no prioriteit te jaan oan de feiligens fan de bemanning en de aksjefierders, om't it platfoarm noch driuwt en gefoelich is foar waarsomstannichheden.
"Het bezetten van een platform zou niet onze keuze zijn", seit ONE-Dyas oer de aksje. Fan fertraging fan de planning is neffens harren gjin sprake.
De plysje is net fan doel om yn te gripen op it platfoarm op de Noardsee. Dat seit in wurdfierder fan de plysje tsjin Omrop Fryslân.
"De demonstratie verloopt rustig en vreedzaam. Voorlopig doen wij dus niets, maar dat kan veranderen als de situatie daar aanleiding toe geeft."