Omrop Fryslân

Natuerorganisaasjes fjochtsje fergunning gaswinning Skiermûntseach oan

In proefboaring nei gas yn it gebiet yn 2018
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Natuerorganisaasjes sette harren juridyske striid tsjin gaswinning by Skiermûntseach troch. Se tsjinje op 'en nij in rjochtsaak oan om de fergunning fan gaswinningsbedriuw ONE-Dyas fan tafel te krijen.
Dat befêstiget it Wrâldnatuerfûns nei berjochtjouwing fan RTV Noord.
Ofrûne wike krige ONE-Dyas grien ljocht om gas te winnen yn de Noardsee boppe it eilân. It bedriuw begûn fuort mei tariedingswurk.

Earder noch gjin tastimming

Yn april ferneatige de rjochtbank yn Den Haag de fergunning noch foar in boarplatfoarm fanwegen ûndúdlikheden oer stikstofdeposysje en ûnderwetterlûd dat seehûnen skea dwaan koe.
ONE-Dyas hat ekstra ynformaasje levere oer it beheinen fan stikstofútstjit en ûnderwetterlûd. Minister Van der Wal en steatssekretaris Vijlbrief joegen dêrnei op 'en nij tastimming foar de gaswinning op 20 kilometer út de kust.

Opnij oanfjochte

It Wrâldnatuerfûns, Natuermonuminten en oaren besykje dizze fergunning no op 'en nij oan te fjochtsjen en it tariedingswurk stil te lizzen fia de Ried fan Steat.
De oerheid fynt gaswinning yn de Noardsee nedich om noch wat eigen gasproduksje te hâlden, nei't de fjilden yn Grinslân sletten binne. Nederlân, oant in pear jier lyn in grutte gaseksporteur, is no tige ôfhinklik fan gasymport út it bûtenlân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.