Omrop Fryslân

Joost Klein hellet út nei Songfestival: "Fuck Eurovision"

Joost Klein
© ANP
Joost Klein hat by syn earste optreden yn it bûtenlân nei it Eurovisie Songfestival úthelle nei it evenemint. Op in festival yn Vancouver (Kanada) rôp er "fuck Eurovision."
Dat is te sjen op bylden op sosjale media. It is de earste kear dat Klein (26) yn it iepenbier in opmerking makket oer it Songfestival, nei't er twa-en-in-heale wike lyn diskwalifisearre waard.
Klein spile yn Kanada tweintich minuten op in benefyt fan rapper bbno$. It wie syn earste optreden yn Kanada.
"We zijn de meest random act op dit festival", sei Klein op bylden dy't ek op sosjale media rûngeane.
Op oare bylden fan it optreden yn Kanada wie te sjen dat it publyk dêr ek bekend is mei syn hit Europapa. In soad oanwêzigen songen de tekst fan it nûmer mei.

"Love always wins"

Ferline wike snein, doe't de Britsumer foar it earst wer op 'e planken stie yn Enschede, sei er bewust neat oer it Songfestival. "Ik weet dat iedereen wacht tot ik iets ga zeggen, maar ik zeg alleen liefde."
Ek sette Klein doe in boadskip op Instagram. "Love always wins", stie dêryn te lêzen.

Earste diskwalifikaasje oait

Op it Songfestival waard Klein begjin maaie as earste artyst oait diskwalifisearre foar dielname oan de finale. Hy soe nei ôfrin fan de twadde heale finale in kamerafrou fan de organisaasje bedrige ha.
Omrop AVROTROS, dy't mei Klein yn Malmö wie, neamde de diskwalifikaasje "buitenproportioneel."
De frou soe him tsjin de ôfspraken yn filme ha, fuort nei it optreden. Neffens Klein syn advokaat hie de artyst der wat fan sein en dêrby treau er de kamera fan de frou fuort.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.