De Lelyline komt nei Fryslân: sa hat Europa dêroan meiholpen
It is hast safier. Op tongersdei 6 juny sille wy stimme foar it Europeesk Parlemint. Ek foar Fryslân wurde wichtige besluten naam yn Brussel en Straatsburg. It giet bygelyks oer de Lelyline.
Goed 160 jier. Sa lang wurdt der al neitocht oer in Lelyline. Of de Súderseeline, sa't de namme ea wie. By it spoarplan fan 1860 stie der al in spoar yntekene oer wat doe noch de Súdersee wie. En eins is dat wol bysûnder, want de Flevopolder wie noch net iens oanlein. Pas yn 1918 waard besletten dy yn te polderjen.
It is in fassinearjend feit ast betinkst dat krekt in moanne lyn de Lelyline yntekene is as 'kearnline' op de Europeeske spoarkaart. It nije trasee wurdt in wichtich part fan de treinferbining nei Bremen en Kopenhagen, as it oan de Europeeske Uny leit. En der komt dus mooglik jild beskikber.
'Mr. Lelyline'
Benammen de lêste fiif jier bart der in soad. Under lieding fan Steatelid Durk Pool (VVD), ek wol bekend as 'Mr. Lelyline', kaam it spoar op de aginda fan de lanlike VVD. Pool wenne sels om 2018 hinne yn Achtkarspelen en wurke yn Emmeloord.
Benammen tusken Drachten en De Jouwer koe er yn de spits nea hurder ride as tachtich. Ek stie er geregeld yn de file op de A7. Dus, sa fertelde er op in partijgearkomste yn Drachten, is in ynvestearring yn sa'n nij spoar in goed idee.
Boppedat, sei Pool, soe it Noard-Nederlân in stik tichter by de Rânestêd bringe. De partij is oertsjûge en nimt de line, lykas oare partijen, op yn harren programma foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 2020.
Stap nei Europa
Mar sa'n nij spoar is djoer. En in eventuele ferbining mei Bremen moat ek yn gearwurking mei Dútslân, dêr't se der net wiis mei binne. Dus komt yn dy tiid ek it idee om te lobbyen foar de Lelyline yn Brussel en Straatsburg.
Deputearre Avine Fokkens fan Fryslân en deputearre Fleur Gräper fan Grinslân lûke yn 2021 dan ek tegearre op foar de Lelyline yn Europeesk ferbân. Yn it 'Year of rail' rydt in spesjale trein, de saneamde 'Connecting Europe Express' fan de Europeeske Kommisje, troch Europa.
De deputearren wolle de moeting yn Amsterdam brûke om omtinken te freegjen foar ûnder oare de Lelyline. En de lobby docht fertuten.
By in topoerlis yn it Tsjechyske Praag prate alle Europeeske transportministers oer it spoar troch de polder. De Lelyline komt op de wichtichste spoarkaart fan Europa. Dus kinne de ûnderhannelingen begjinne.
Je moet het Nederlands belang zo weten te verwoorden, dat buitenlandse collega's ook horen dat het in hun belang is.
Europarlemintariër Tom Berendsen fan it CDA spile in grutte rol by it op de kaart setten fan de Lelyline. Hy tsjinne in oanpassing yn by de transportkommisje, wêrtroch't de Lelyline meinommen wurdt op de Europeeske spoarkaart as ûnderdiel fan it trajekt Amsterdam-Bremen-Kopenhagen.
"Dat is ook mijn rol als Europarlementariër", seit Berendsen. "Je moet het Nederlands belang zo weten te verwoorden, dat buitenlandse collega's ook horen dat het in hun belang is."
Dat docht Berendsen mei help fan in soad Nederlânske kollega's út oare fraksjes. Sa triuwt de Fryske Jan Huitema fan Makkingea yn de duorsumheidskommisje oan op de line, want it skeelt fleanferkear tusken Amsterdam en Denemarken.
Tom Berendsen (CDA) leit út hoe't de Lelyline op de Europeeske kaart kaam
Dochs soe de Lelyline nea yn dy plannen stean sûnder bedriuwen, politisy en organisaasjes fan Noard-Nederlân, seit Berendsen. "Het is een lastig proces en een lang proces. Het Noorden heeft daar een belangrijke rol in gespeeld, door met veel partijen te praten."
"Concrete dingen voor de regio"
Op 24 april fan dit jier hie Matthijs de Vries yn elts gefal syn holle even net by de moanlikse Fryske gearkomste fan Provinsjale Steaten. De deputearre, ferantwurdlik foar ferfier, sit ynienen tige bliid te sjen nei syn tablet. Hy seach it barre: it Europeesk Parlemint stimt mei in grutte mearderheid foar it spoarplan. De Lelyline komt der.
Berendsen is grutsk op dat resultaat. "Daar zitten we hier voor. Ik vind het een mooi voorbeeld van een Europa dat soms ver voelt, maar dat we wel concrete dingen voor de regio voor elkaar kunnen krijgen."
De Lelyline is ien fan de gruttere saken dy't yn Europa regele binne foar Fryslân. Bisto benijd wat de EU yn dyn regio docht? In tal projekten is te sjen fia dizze link.
Nederlân kin no oanspraak meitsje op Europeeske subsydzjes foar it oanlizzen fan de line. It heechste bedrach dat oant no ta útkeard waard foar in nije spoarferbining is 1,1 miljard euro. It totaalbedrach fan de oanlis wurdt boppe de 9 miljard euro rûsd.
Mar foar it projekt is it miskien noch wol wichtiger dat Nederlân no yn Europeesk ferbân ek de ferplichting fielt om it plan út te fieren. By de stimming yn april woene de PVV, BBB, NSC en VVD jild weromlûke fan de Lelyline, om de 'bottleneck' by Meppel te ferbetterjen.
"Maar alle kabinetten van de landen in de Europese Unie zijn ermee akkoord gegaan", seit Berendsen. "Nederland ook. Dus dat betekent dat ze zich eigenlijk hebben verplicht om die Lelylijn ook aan te leggen."
Yntusken hawwe de oankommende koälysjepartijen yn Nederlân ek yn de plannen opnommen dat de Lelyline trochgiet.
No noch in trajekt
De komst fan de Lelyline kin de reistiid tusken Drachten en Grins mei it iepenbier ferfier werombringe nei in kertier. No is dat noch trije kertier, docht bliken út resint ûndersyk troch de projektorganisaasje Lelyline.
Drachten-Amsterdam soe yn in oere ôf te lizzen wêze. Der moat dan wol keazen wurde foar it trajekt wêrby't de trein stilhâldt yn Lelystad, Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten. It is noch net bekend hokker trajekt de Lelyline krekt krijt.
Dit jier noch wurdt de rûte úttekene. En der is in deadline foar it spoar sels, want de rûte Amsterdam-Bremen-Kopenhagen moat yn 2050 klear wêze. It hat hast 200 jier duorre, mar dan sil der lang om let in trein ride oer wat ea de Súdersee wie.
Harkje op snein 2 juny nei de Europa-útstjoering fan Buro de Vries. Tusken 11:00 en 13:00 bepraat presintator René Koster mei nijsgjirrige gasten, reportaazjes en Fryske kandidaat-Europarlemintariërs wat Europa betsjut foar Fryslân. Of harkje letter de útstjoering werom fia dyn favorite podcast-app.