Yn de eastlike Waadsee sit in soad jonge fisk: "Een goed teken"
Der sit folle mear jonge fisk yn it eastlik part fan de Waadsee as yn it westlik Waad. Dat docht bliken út de fangsten yn in grutte monitoaringsfûke dy't fjouwer jier by Skiermûntseach stien hat.
Sûnt de jierren '60 stiet der al in soartgelikense fûke by Teksel. Dy liet sjen dat yn de Waadsee hieltyd minder fisk sit. Fiskers yn it eastlik waadgebiet seagen lykwols in oare situaasje. Der kaam dêrom in selde fûke by Skiermûntseach.
En wat is no it gefal? De situaasje is ek echt oars. "Je hebt hier echt veel meer jonge platvis. En dat is ook heel gunstig", seit Jaap Vegter fan fiskkoöperaasje Vissers van de Kust. Het past ook wel een beetje bij het karakter van het oostelijk Wad met veel meer droogvallende platen en zandbanken."
De fûke is yntusken alwer oardel jier fuort. Doe't dy noch brûkt waard, kaam ek al nei bûten ta dat fiskers in soad jonge hjerring fongen.
Lytse haaien
Dat der sa'n soad libben is, is foar Vegter ek in gerêststelling. "Het mooie van zo'n hoge en grote fuik is dat je ook ziet wat er meer bovenin het water rondzwemt. En dan heb je natuurlijk ook de bijzondere dingen die wij anders ook nooit vangen."
It giet dan bygelyks om lytse haaien. "Die hebben we er toch een paar keer bij gehad. En dat soort roofvissen zijn een goed teken."
Yn de eastlike Waadsee sit in soad jonge fisk: "Een goed teken"
De monitoaringsfûke by Skiermûntseach wie in projekt fan Vissers van de Kust, Staatsbosbeheer en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee. Dy lêste organisaasje beheart de monitoaringsfûke by Teksel.
Dat de fûke by Skiermûntseach der tydlik stean soe, wie yn it foar al bekend, mar doetiids sei Vegter ek al dat it projekt in ferfolch fertsjinnet.
Pindelje
Dêr binne no neffens Vegter ek noch hieltiten goeie arguminten foar. Dy ha benammen te krijen mei de sterkere ynset fan behearders op fisken dy't pindelje tusken swiet en sâlt wetter.
"Daarom willen we nu graag met alle andere beheerders van het gebied bij Lauwersoog kijken hoe we ermee door kunnen en op welke plek precies. Misschien willen we voor de komende jaren ook beter bijhouden welke vissen zich aandienen die echt afhankelijk zijn van een brakwaterzone; een geleidelijke zout-zoetovergang."
"Dat wordt steeds belangrijker omdat het waterschap en Rijkswaterstaat ook hier op Lauwersoog willen gaan kijken hoe ze die overgang van zoet naar zout beter kunnen maken", stelt Vegter.
Net allinnich toarnfiskjes
Sa'n brakwettersône kinne je net altiten meitsje, seit Vegter, want soms hawwe je dêr it swiete wetter gewoan net foar.
"Dan is het belangrijk dat je de vingers aan de pols van het ecosysteem hebt. Dat je weet wanneer welke vissen er zijn en wat ze nodig hebben."
It giet neffens Vegter om in ferskaat oan fisken. "Niet alleen om stekelbaarsjes, palingen of zeeforel, maar ook om de bot en de spiering. En heel veel andere soorten die die brakwatergebieden nodig hebben."