Omrop Fryslân

14.000 beammen previntyf foarsjoen fan ‘ieltsjes’ tsjin de ikeprosesjerûp

In nêst mei ikeprosesjerûpen
© ANP
Sa'n 14.000 ikebeammen yn fjouwer Fryske gemeenten binne previntyf tsjin de ikeprosesjerûp behannele. Mar net eltsenien is like bliid mei dy behanneling.
It giet om de gemeenten Smellingerlân, De Fryske Marren en West- en Eaststellingwerf. Dêr binne iken previntyf behannele mei 'ieltsjes': dat binne boaiemorganismen dy't de rûpen deameitsje foardat se foar jokte en dus oerlêst soargje kinne.

Sûnder warskôging spuite

Bewenners fan Aldegea yn Smellingerlân skrokken der suver fan doe't in trekker mei in grutte spuit de ikebeammen by delgong yn it tsjuster. Oerdeis kin net, omdat de ieltsjes - ek wol nematoaden - net goed oer deiljocht kinne.
Wat ek net holp, wie dat troch in fersin de doarpsbewenners net warskôge wienen.
Dat smiet fragen op, dy't foar in grut part bedarren by buertbewenner Marten Sikkema. Hy wurket as ekolooch foar in grutte natuerbehearder.
Buertbewenner en ekolooch Marten Sikkema
© Omrop Fryslân
"De earste reaksje is fansels dat it om ien of oare pestiside giet. Dat tocht ik sels ek", seit er. Al gau waard dúdlik dat it wat oars wie.
En ek al kin Sikkema it op himsels wurdearje dat de gemeente Smellingerlân wat ûndernimt tsjin de oerlêst; hy freget him dochs ôf oft dat net oars kin.
Hy pleitet foar ynset op in natuerlike balâns. Want by de metoade dy't no brûkt wurdt, geane ek oare ynsekten dea.

"Kâns krije"

Op himsels is it net frjemd dat in nije soarte út it suden romte ynnimt en soarget foar in pleach. De natuerlike omjouwing moat him dêrop oanpasse, fynt Sikkema.
"Soargje no dat al dy slûpbijen, flearmûzen en blokfinken de kâns krije om dizze nije boarne fan fretten te finen." Dat kin bygelyks mei it bermbehear.
Rûnom yn Fryslân wurde tûzenden beammen previntyf behannele tsjin ikeprosesjerûp
De gemeente Smellingerlân seit dat se in belange-ôfwaging meitsje moatte tusken de oerlêst fan de rûpen (mei de sûnensrisiko's dy't dêrby hearre) en de natuer de romte jaan.
Yn 2020 gie it mâl mei it tal klachten oer oerlêst troch de ikeprosesjerûp en dêrnei is de hjoeddeiske oanpak ûntstien. Nêsten fan de rûp wurde ek fuortssûge, mar de ynset is it grutst op previnsje.
It spuitsjen fan beammen wurdt op in beheind oantal plakken dien dêr't benammen fytsers oars in soad oerlêst ha. De 1.400 beammen dy't yn Smellingerlân behannele wurde, is mar in lyts part fan de ikebeammen yn de gemeente.
Troch de behanneling betiid yn de maitiid te dwaan, wurdt besocht om de skea oan oare ynsekten te beheinen.

"Hiel lêstich"

It ûnderhâld fan de berms is al mear en mear rjochte op safolle mooglik ynsektenrykdom, seit grienspesjalist Franke Atsma fan Smellingerlân. Mar krekt op de plakken dêr't de oerlêst it grutst is, is de kâns dat dit wurket it lytst.
Der is by dy diken del ea in ûnnatuerlik grutte konsintraasje simmeriken oanplante. Atsma: "Dy lokaasjes sitte yn in omjouwing dat in kultuerlânskip is. Dêr hast net in soad fariaasje en de berms binne net hiel breed. Dat bliuwt dêr hiel lestich."
De Gariperwei yn Aldegea (Sm.), dêr't de beammen bespuite binne
© Omrop Fryslân
Oannimmer Roel Timmerman behannelt yn fjouwer Fryske gemeenten sa'n 14.000 ikebeammen mei ieltsjes en tekenet dêrby oan dat dat noch hieltyd mar om in lyts part fan de iken yn dy gemeenten giet.
Der wurde kaarten brûkt fan de Vlinderstichting dêr't gebieten op steane dêr't it spuitsjen te folle skea opsmyt foar de natuer.
Timmerman befêstiget dat de oare gemeenten deselde oanpak brûke as Smellingerlân: "De andere gemeenten kiezen dezelfde koers. Men kijkt gewoon waar de overlast het grootst kan zijn en op die plekken gaan ze preventief bestrijden."

"Tijd krijgen"

No is de ikeprosesjerûp net mear in folsleine nijkommer en it leit yn de ferwachting dat de bestriding en de natuerlike fijannen wat fet krije op de soart.
Dat is neffens Timmerman ek wol it gefal: "De eikenprocessierups neemt ook af."
"Er worden heel veel methoden gebruikt en toegepast om de rups te bestrijden plus de natuurlijke vijanden. En die inzet wordt steeds groter. Je moet alleen even de tijd krijgen om de balans te vinden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.