Omrop Fryslân

Albert Verlinde foar 'rotte vis' útmakke yn opskuor om útspraak Derksen oer De Hoop

Albert Verlinde
© Omrop Fryslân
Presintator en teäterprodusint Albert Verlinde hat foar it earst reagearre op de opskuor om de útspraak fan Johan Derksen oer Habtamu de Hoop hinne. Hy die dat sneontemoarn yn it programma Op & Ut.
Verlinde siet tiisdei oan tafel by Vandaag Inside neist Derksen te laitsjen doe't dy op telefyzje sei it GroenLinks-PvdA-Keamerlid fan Wommels gjin Fries te finen. "Iemand die in Friesland geboren is, heeft het recht om er zo over te praten. Hij is toch geen Fries", stelde Derksen.
De Hoop is berne yn Ethiopië. Hy is adoptearre doe't er acht moannen âld wie en grutbrocht troch syn Fryske heit en mem. "Ik bin Frysk", sei De Hoop yn in reaksje dy't er de folgjende dei op X pleatste.
Sa reagearret Albert Verlinde no op de útspraak fan Johan Derksen
Nei de útstjoering ûntstie in soad kommoasje. Dat der om de útspraak fan Derksen lake waard, is Verlinde net yn tank ôfnaam. "Je wordt voor rotte vis uitgemaakt", fertelt er.
Verlinde seit it net iens te wêzen mei de útspraak fan Derksen. "Ik vind niet dat je zo mag praten over mensen die hier leven. En of ze nou wel of niet hier geboren zijn, als ze hier zijn dan horen ze erbij."

Wekker lein

Mar of it rasisme of diskriminaasje is, dêr wol Verlinde him net oer útsprekke. Wol seit er wekker lein te hawwen fan de beskuldigingen dat er in rasist wêze soe. "Mijn leven lang staat bij mij hoog in het vaandel dat iedereen mee kan doen."
In oare kear sil er lykwols wer oanskowe by it SBS6-programma. "Ik kom daar een keer terug en dan zal ik er ongetwijfeld iets over zeggen."

Oanjefte

Tûmba, it Fryske meldpunt en kennissintrum diskriminaasje, docht oanjefte nei oanlieding fan de rasistyske útspraak fan Derksen. De Hoop sels hat witte litten gjin oanjefte te dwaan, ek al bliuwe ekskuzen fan Derksen út.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.