Liveblog
|
7 april 2024
Nul punten foar Hearrenfean yn wedstriid foar Kika | LDODK mist finale
Hjir melde we it lêste sportnijs út Fryslân.
Lêst bywurke: 7 april 2024, 22:19
snein 7 april 2024
22:19
Lêste minút is it leukst yn Hearrenfean
De lêste minút wie de leukste, mar it wie te let. Tsjin Utrecht hat Hearrenfean ferlern mei 3-2.
De beide Fryske doelpunten binne makke troch Patrick Walemark, yn de absolute slotfaze fan de wedstriid. Hearrenfean hie doe in man minder troch in domme reade kaart.
20:19
19:59
LIVE: Hearrenfean nimt it op tsjin Utrecht
Hearrenfean nimt it yn eigen hûs op tsjin FC Utrecht. De wedstriid is rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.
sneon 6 april 2024
22:00
LWD Basket kin gjin potten brekke tsjin Okapi Aalst
LWD Basket hat mei 74-103 ferlern fan Okapi Aalst. Yn de tredde helte liken de Ljouwerters noch even werom te kommen, mar úteinlik naaide de Belgyske klup dochs út mei de winst.
De Ljouwerters stean op dit stuit sânde, trije plakken boppe hekkenslúter Feyenoord.
21:52
Friso Snits wint fan Djopzz Regio Zwolle
De froulju fan Friso Snits ha thús wûn fan Djopzz Regio Zwolle. De Snitsers joegen de wedstriid gjin momint út hannen en skreaunen trije sets op harren namme.
Troch de 3-0 oerwinning fersteviget de ploech har kopposysje yn it klassemint.
Oer twa wiken komme de follybalsters opnij yn aksje. Tsjin wa't se spylje moatte, is op dit stuit noch net bekend.
21:33
Dream kuorbalklup LDODK spat út elkoar
LDODK woe de Kuorballeague (it heechste nivo fan Nederlân) ôfslúte yn de bekerfinale yn Ahoy Rotterdam, mar de klup komt net fierder as de heale finale.
Tsjin DVO yn Bennekom waard it 18-16 foar DVO, en de earste wedstriid yn De Gordyk gie ek al nei DVO. Dêrmei einiget de kuorbalkarriêre fan Erwin Zwart fan LDODK. Hy hâldt nei dit seizoen op.