Omrop Fryslân

Twadde edysje Regio Songfestival strykt del yn Maastricht

Limboarch wûn ferline jier de earste edysje fan it Regio Songfestival
© Rego Meijer Photography
De gaststêd fan it Regio Songfestival 2024 is bekend makke. De twadde edysje fan it mienskiplike festival fan alle regionale omroppen yn Nederlân wurdt op sneon 9 novimber hâlden yn Maastricht.
De earste edysje waard ferline jier yn Utrecht wûn troch de ynstjoering fan de Limboarchske omrop L1. Emmy Ackermans behelle de measte punten mei har ferske 'T Letste Rundje en sleepte sa de organisaasje fan it evenemint foar har provinsje binnen.
Melissa Pander wie de ynstjoering fan Omrop Fryslân. Sy wûn Liet 2023 en mocht dêrtroch Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival. Mei har ferske Foarby einige se yn Utrecht op it fiifde plak.
Melissa Pander op it Regio Songfestival
© Omrop Fryslân
It earste Regio Songfestival wie in grut sukses. Mei trije acts op in dield twadde plak en mar in ferskil fan fiif punten mei de winner wie it oant it lêste momint spannend. Nea earder wurken alle regionale publike omroppen gear oan sa'n grutskalich evenemint.
De finale waard live op fjirtjin telefyzjestjoerders tagelyk útstjoerd. De presintaasje wie yn hannen fan ûnder oaren de Gryksk-Nederlânske sjongeres Stefania. Sy die yn 2020 foar Grikelân mei oan it Eurovisie Songfestival.

Grut feest mei muzikaal talint

"Dat het Regio Songfestival dit jaar in Limburg wordt gehouden is een geweldig grote eer voor onze provincie en onze omroep", seit Cécile Narinx, haadredakteur fan L1. "We gaan er een fantastische show en een groot feest van maken, samen met de andere regio's en hun onontdekte muzikale talenten."
Ek dit jier sil eltse omrop in eigen foarronde hâlde om de finalist te selektearjen. Foar Fryslân jildt dat de winner fan it Fryske songfestival Liet de provinsje fertsjintwurdigje sil. Liet 2024 wurdt hâlden op 19 septimber en artysten kinne har dêr no foar ynskriuwe.
It Regio Songfestival 2024 wurdt op 9 novimber hâlden yn Theater aan het Vrijthof yn Maastricht. Mear ynformaasje is te finen op regiosongfestival.nl. It Regio Songfestival wurdt organisearre troch alle trettjin regionale omroppen en wurdt mei mooglik makke troch AVROTROS.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.