Jierrenlange tradysje is werom: de tsjerkeklokken fan Aldegea wurde wer feilich let
Der komt einliks wer lûd út de toer fan de Sint-Agathatsjerke yn Aldegea (Smellingerlân). De twa monumintale klokken binne nei in renovaasje fan it ophingwurk werompleatst.
It iuwenâlde kloklieden yn Aldegea stie in jier stil, mar sûnt ferline wike kinne de frijwilligers de tradysje wer trochsette.
Jierrenlang wie de tsjerkeklok te hearren. Fan oarsprong om de wurktiden oan te jaan foar de bewenners fan it doarp. Dy funksje waard letter oernaam troch de stoomfluit fan it suvelfabryk. Doe't dy ophold, waard op inisjatyf fan de doarpssmid it kloklieden wer oppakt.
Alle moarnen om njoggen oere, mei útsûndering fan snein, en alle jûnen om sân oere wie de tsjerkeklok te hearren. Mar ek as minsken te hôf brocht waarden, brochten frijwilligers de klokken yn beweging. Oant dat momint, mear as in jier ferlyn, doe't in klokkemakker út Grins op ynspeksje kaam.
"Sy ha ús noch nea sa rap roppen dat wy ophâlde moasten te lieden", fertelt frijwilliger Kor de Haan oer dat momint ferline jier. De konstruksje om de klokken hinne wie net langer fertroud. "De klokken sieten der eins los yn", neffens De Haan.
"Unfeilige situaasje"
"As ien te hurd oan de klok lûke soe, koe dy mooglik nei ûnderen komme. It wie gewoan in ûnfeilige situaasje. Der moast wat barre."
En dus wiene de klokken it ôfrûne jier allinne noch mar op de oere te hearren. Dan slacht in automatysk klokwurk de tiid oan. Dat bart troch mei in hammer op de klokken te slaan. "Dat giet mei in protte minder beweging, dus dat hinderet neat. It lieden koe lykwols net mear."
De tsjerkeklokken fan Aldegea binne wer te hearren
De ôfrûne tiid is it ophingwurk renovearre. Boppe de jongste fan de twa klokken is in nije houten balke pleatst. Ek de lagers binne opnij fêstset, sadat de klokken net mear springe kinne. De totale kosten: mear as 10.000 euro. "It is spesjalistysk wurk. Dan moatte je wol ien ha dy't der doel oer hat", neffens De Haan.
Syn kollega Halbe de Vries is al sûnt 1986 frijwillich kloklieder. "Ik wie altyd in bult by de âld smid. Dy frege my oft ik him net helpe woe by de klokken. Sadwaande bin ik der wat ynrôle."
"Protte reaksjes út it doarp"
It wie dan ek wol efkes wenne doe't De Vries ynienen net mear oan de slach koe mei it tou, dat derfoar soarget dat de klokken úteinlik lûd meitsje. "Je moatte it tou op in regelmjittige wize oanlûke, mar dat koe net mear. It hat in hiele stilte teweibrocht en in protte reaksjes út it doarp wei."
De ynwenners binne der wiis mei dat de klokken wer te hearren binne, neffens de twa manlju. "As je ien te hôf bringe, en de klokken kinne net liede, dat pakt de minsken wol oan. It wurdt hjir wol wurdearre."
Mei de renovaasje kin de konstruksje nei alle gedachten wer tsientallen jierren foarút. Datselde jildt nei wat De Haan oanbelanget foar de tradysje fan it kloklieden yn Aldegea. "As it hjir hinget en je brûke it net, werom hâlde je it dan?"