Al in boeketsje krigen? "Vergis je niet, Friezen zijn heel romantisch"

It is hjoed falentynsdei
It is hjoed falentynsdei © ANP
Stûf en leaver gjin fratsen. Sa wurdt de Fries faak sketst. Hoe sit dat op falentynsdei: is it in dei as alle oare, of fiere sûkelade en blommen de boppetoan? "Vaak komen mannen terug om te zeggen hoe de date is afgelopen", seit Cynthia van der Meer van Bloemenboetiek Panhuis.
De ien seit net yn dizze kommersjele fal te stappen, dêr't in oar mei fearjende trêd nei hûs rint mei in doaze bonbons ûnder de earm.
Falentynsdei betsjut foar eltsenien wat oars. Friezen steane faaks net te boek as minsken dy't mei in soad franje harren leafde útstalle. Mar dat liket mar sa, seit Van der Meer.
Sy wurket by Bloemenboetiek Panhuis yn Ljouwert. De ôfrûne tiid folget dêr de iene nei de oare oarder him op.
"Vergis je niet. Friezen zijn heel romantisch. Zondag kwamen de eerste bestellingen al binnen. De mannen willen niet achter het net vissen", fertelt se. "Er gaan drie auto's op pad om de bloemen te bezorgen. Vorig jaar telden we 175 adressen."
De froulju fan Bloemenboetiek Panhuis
De froulju fan Bloemenboetiek Panhuis © Bloemenboetiek Panhuis
Fan in inkelde reade roas oant in oerdreaun gearstald boeket. De blommen binne by Panhuis alfêst yn grutte tallen ynkocht en dus "kan het feestgedruis beginnen."
Van der Meer en har kollega's fine dizze dagen prachtich. "Het is hier een hok vol vrouwen. We kletsen wat af en vinden het superleuk om die liefdesverhalen te horen."
It binne hast altyd de manlju dy't delkomme foar in blomke. "Sommigen willen hun vrouw verrassen en anderen hebben er een op het oog. Die gaan dan op date en nemen een mooie bos mee. We vragen dan of ze nog even laten weten hoe het is afgelopen. En ja, dat doen ze dan meestal ook."
Firda zit hier om de hoek. Daardoor zien we hoe de jongens daar hun best doen. Hartstikke leuk!
Cynthia van der Meer fan Bloemenboetiek Panhuis
Dat falentynsdei foar in pyk soarget yn de ferkeap, mei gjin ferrassing hjitte. Mar ek bûten dizze dei wit dy groep de boetyk geregeld te finen.
"Er is zelfs een clubje mannen dat standaard vraagt of we op een zaterdagochtend even wat klaarzetten." De jonge generaasje lit him likemin swak bespylje. "Firda zit hier om de hoek. Daardoor zien we hoe de jongens daar hun best doen. Hartstikke leuk!"
Van der Meer sit yntusken 35 jier 'yn de blommen'. De animo foar 14 febrewaris bleau sûnt dy tiid groeien. "In het begin leefde het totaal niet. Het verkopen van een roos was al heel wat. Maar deze dag is helemaal tot bloei gekomen."
Psycholooch Irma van Steijn
Psycholooch Irma van Steijn © Irma van Steijn
It hat wat moais om earne kollektyf by stil te stean, fynt psycholooch en seksuolooch Irma van Steijn. We binne neffens har foaral wend om by de oar de minpunten te sjen. "Maar het is goed om even te bedenken waarom je graag bij die andere persoon bent. Even de plusjes in het licht zetten. Daar helpt valentijnsdag bij."

Droeftoeterij

Boppedat kin it foar ien de drompel ferleegje om kontakt te sykjen, seit se. It kin dreech wêze om dêr in krekt momint foar te finen. Dizze dei lient him dêr by útstek foar. "Als je van zoiets positiefs toch weer iets negatiefs maakt, dan noem ik dat droeftoeterij."
Van Steijn tinkt dat benammen minsken dy't in oar graach mei positiviteit grutbringe, graach oan falentyn dogge.
"Hoe dat bij de Friezen is? Het blijft lastig om daar iets over te zeggen. Wat je in Friesland alleen vaak ziet is: 'doe maar normaal, dan doe je al gek genoeg'. En het is natuurlijk een autonoom volkje. Dat bepaalt misschien liever zelf wanneer ze extra aandacht aan hun geliefde geven."
Falentynsdei
Falentynsdei © ANP
"Een thema dat veel speelt bij stellen die ik spreek, is dat de ander hem of haar niet ziet. Ze missen de verrassing. Bijvoorbeeld op valentijnsdag. De ander hoor ik dan soms zeggen: 'maar dan doe ik het op commando'", seit de psycholooch. "Vergeet alleen niet dat de ene attentie de ander kan uitlokken."
"Bovendien, op het moment dat je leert skiën, doe je dat ook op een bepaalde manier omdat de instructeur het zegt. Na een tijd word je er handig in. Dat kan ook gelden voor het aandacht geven."
Oer har eigen situaasje seit se: "Van mijn partner kreeg ik een ring. De dag voor valentijn. Hij dacht dat het de 14e was. En de ring was ook niet helemaal mijn smaak, dus die gaat terug. Maar het feit dat hij hard z'n best voor mij heeft gedaan, voelt fantastisch."
V.O.F Le Bonbon yn Gytsjerk
V.O.F Le Bonbon yn Gytsjerk © V.O.F Le Bonbon
Noch in produkt dêr't we de oar graach it hôf mei meitsje, is sûkelade. Dêr witte se by V.O.F Le Bonbon alles fan. De sûkeladewinkel yn Gytsjerk is folle mei smaaklike falentynskreaasjes.
Romantisy kinne der terjochte foar lekker guod mei Fryske teksten. 'Ik fyn dy leaf', 'Ik hâld ôfgryslik folle fan dy', en 'Dikke tút' moatte helpe it hert fan in oar te ferôverjen.
Friezen fiere falentynsdei
Ek yn de sûkelatery feroare der yn 33 jier in soad om falentyn hinne. De grutste 'klapper' makket de winkel noch hieltyd mei de peaskedagen en krysttiid, mar de dei fan de leafde folget op lytse ôfstân.
"We bedenken van alles en adverteren op Facebook", seit Gideon Sandtmann, dy't tegearre mei syn frou Janny de winkel bestiert. Meastal komme manlju de dei derfoar by harren oanklopjen. "Vaak op het eind van de dag. Dan beseffen ze dat ze nog wat voor het vrouwtje moeten halen."
Als het valentijnscadeau in de smaak valt, volgt er later soms een bruidstaart.
Gideon Sandtmann fan V.O.F Le Bonbon
Gideon ûntfermet him efter yn de saak oer de sûkelade. Janny stiet mei in pear froulju yn de winkel. Foar falentynsdei is it tradysjegetrou in gesellige boel yn 'e winkel.
"Het is hier dan net een kroeg", seit Gideon, dy't troch de oankeapen soms in ynsjoch krijt yn de libbensrin fan klanten. "Als het valentijnscadeau in de smaak valt, volgt er later soms een bruidstaart."