Klokken klinke yn Ketlik net allinne foar eigen krite: Sint Thomaslieden foar it goede doel

Knipe1
In kream dêr't guod foar Oekraïne ynsammele wurdt © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Lykas it lûd fan it Sint Thomaslieden ek bûten Ketlik te hearren is, is der op de Midwintermerk dêr ek omtinken foar mear as de eigen krite.
Neist aksjes foar de fuotbalklub, de tsjerke en de lokale fûgelwacht waard der ek guod foar Oekraïne ynsammele. "Minsken kinne hjir harren bananedoazen mei ynhâld by ús ôfleverje", seit Sijtie Huisman fan Pleatslik Belang.
De klokken klinke yn Ketlik - mei tank oan freonen út Utrecht
"Wy ha dat dien omdat wy tinke dat minsken wol graach wat dwaan wolle, mar net witte hoe't sy bydrage kinne. No hawwe wy in mienskiplik punt en dat wurket gewoan makliker."
De earste doazen steane der al gau, wylst op de achtergrûn de twa klokken fan de klokkestoel klinke. Foar it Sint Thomaslieden gebeurt dat fan 21 desimber oant 'e mei âldjiersdei benammen oerdeis. Besikers oan de merk meie ek meidwaan oan dizze âlde tradysje.
Klokliede yn Ketlik
Klokliede yn Ketlik © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It is in tradysje dy't drige út te stjerren, mar mei in aparte kursus is it slagge it tal ploechlieders wer wat út te wreidzjen, seit klokkelieder Jan Dol.
"Der is in moai klubke by kaam. De magy fan it lieden is dat dy twa klokken moai om en om lûd jouwe en dat sy net tagelyk klinke. Dat klinkt hiel ienfâldich, mar dat is it net!"