KAART: Op dizze plakken wurdt der op âldjiersdei mei karbid sketten

It giet somtiden om swier geskut mei de jierwiksel
It giet somtiden om swier geskut mei de jierwiksel © ANP
Der wurdt op âldjiersdei op minder plakken yn Fryslân mei karbid sketten as ferline jier. Dêr't tolve moannen lyn noch op 320 lokaasjes knald waard, giet it dit kear op 'mar' 290 plakken los.
It noardeastlike part fan ús provinsje bliuwt it episintrum fan it karbidsjitten. It doarp Twizelerheide springt der boppe-út: dêr binne seis plakken oanwiisd.
Ek yn Koatstertille, Sumar, De Westereen en Kollumersweach wurdt folop knald.
In oersjoch mei alle plakken dêr't dit jier mei karbid sketten wurde mei. Komt de kaart net goed yn byld, klik dan hjir.
Foar boppensteande kaart hat Omrop Fryslân ynformaasje opfrege by alle Fryske gemeenten. De lokaasjes op de kaart binne yntekene oan de hân fan de oanlevere gegevens. De stippen jouwe de lokaasjes rûchwei oan: faak giet it om in stik greide yn de omkriten fan in adres.
Yn de measte gemeenten is foar minder plakken tastimming jûn om te knallen as ferline jier. Tytsjerksteradiel gie bygelyks fan 44 nei 28 lokaasjes, Noardeast-Fryslân fan 54 nei 42 en Smellingerlân fan 29 nei 20 karbidlokaasjes.

Tsjin de stream yn

Achtkarspelen, Ljouwert en Weststellingwerf geane krekt tsjin de stream yn. Dêr giet it tal karbidlokaasjes omheech yn ferliking mei ferline jier. De tanimming is it grutst yn Achtkarspelen: fan 27 nei 37 knalplakken.

Allinne Eaststellingwerf noch frij

Yn Eaststellingwerf is dit jier wer in frij fjild. Dat betsjut dat minsken dêr frij sjitte kinne as de lokaasje mar op minimaal 75 meter fan wengebouwen leit en dat de ôfstân nei gebouwen mei bisten op syn minst 300 meter is.
Karbidsjitte yn Dronryp
Karbidsjitte yn Dronryp © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Oant en mei 2021 wie ek yn Ljouwert gjin melding of fergunning nedich, mar fan ferline jier ôf mei ek dêr allinne noch sketten wurde mei in oanfrege ûntheffing.
Yn de gemeente Harns binne dit jier spesifike lokaasjes bekend, wylst it ferline jier mear algemien tastien wie yn it greidelân om de stêd hinne.

Tal karbidlokaasjes de gemeente

Gemeente Oantal 2022 Oantal 2023
Achtkarspelen 27 37
Amelân 6 6
Dantumadiel 25 21
Eaststellingwerf Frij fjild Frij fjild
De Fryske Marren 15 14
Flylân 2 1
Harns Net bekend 4
Hearrenfean 21 18
Ljouwert 8 10
Noardeast-Fryslân 54 42
Opsterlân 20 19
Skiermûntseach 0 0
Skylge 3 3
Smellingerlân 29 20
Súdwest-Fryslân 29 29
Tytsjerksteradiel 44 28
Waadhoeke 31 28
Weststellingwerf 6 10
It is net sa dat minsken dy't aardichheid hawwe oan it knallen no sa nei dizze lokaasjes kinne. Yn de measte gefallen is it net tastien om sûnder oanmelding mei karbid te sjitten.
Dizze oanmeldings binne bûn oan in persoan. Oaren kinne harren dus net samar oanslute.

Tiden

Aldjiersdei falt dit jier op in snein. Yn ferbân mei de sneinsrêst hawwe guon gemeenten dêrom de tiden oanpast wêrop't der mei karbid sketten wurde mei.
Yn guon gemeenten mei it fan 10.00 oere ôf, oaren begjinne pas om 13.00 oere. Der binne ek gemeenten dy't spesifike tiden keppele hawwe oan bepaalde lokaasjes.
"Der binne ek minsken dy't moarns nei de tsjerke geane en op âldjiersdei werom sjogge op it jier. Wy sizze: dan past it net as flakby de tsjerke om 8.00 oere al mei karbid sketten wurdt", sei boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen earder. Yn dy gemeente mei fan 11.00 oere ôf sketten wurde.
It binne gjin lytse knaleartsjes, dus tink om de earen
It binne gjin lytse knaleartsjes, dus tink om de earen © ANP
De eintiden ferskille ek fan gemeente oant gemeente. Op guon plakken moat it al om 17.00 oere dien wêze, wylst de gemeente Hearrenfean 1 jannewaris om 2.00 oere nachts as eintiid hantearret.