HEA! Piet Rozendaal, de Fryske Robert de Niro

HEA! Bokstrainer Piet Rozendaal
Sûnt er de haadrol spilet yn de krystreklame fan in grutte lânlike supermerk, wurdt Piet Rozendaal (79) rûnom werkend. De 'Fryske Robert de Niro' wurdt de Ljouwerter al neamd. Yn de reklame skitteret Rozendaal as de boksskoallehâlder dy't mei in Krystdiner ferrast wurdt troch syn pupillen.
Mar ek yn it deistich libben jout er noch altyd bokstraining. By boksskoalle Frisia yn Ljouwert traint hy twa kear yn'e wike minsken mei de sykte fan Parkinson. It boksen soarget dat de fysike achterútgong troch de sykte stagnearret.
Rozendaal hat genoaten fan de opnames en it súkses fan it reklamefilmke. Foaral omdat hy as 'Pietsje út de Butterhoek' dit no delset hat. "Ik foel my un gesegend meens."