Nazi-jager Jack Kooistra (93) is noch alle dagen dwaande mei de oarloch

Jack Kooistra fan Ljouwert
Jack Kooistra fan Ljouwert © Omrop Fryslân
De 93-jierrige Jack Kooistra fan Ljouwert hat tsientallen oarlochsmisdiedigers opspoard en ferhalen fan tûzenen slachtoffers optekene, mar wol net ophâlde. "Ik skriuw alle dagen noch harren nammen."
De holle is noch goed, seit Kooistra, dy't no yn wensoarchsintrum Bennema State yn Hurdegaryp wennet. Mar it protest fan it lichem wurdt hieltyd grutter. Hy wit dat de tiid syn grutste fijân is.
Dêrom gie Kooistra ferline wike woansdei mei de saneamde 'Wensambulance' nei Loosdrecht, nei syn argyf. Dêr wurde mear as 180.000 dossierkaarten yn museum Militair Mobiel Depot bewarre en tentoansteld.
Jack Kooistra (93) is noch alle dagen dwaande mei oarlochsslachtoffers
"Wat in geweldige ferrassing en in geweldige dei", sei Kooistra, dy't âlde freonen moete. Sa krige er in dikke krûp fan de 85-jierrige Jan Stuivenberg, dy't it museum yn Loosdrecht opset hat en it libbenswurk fan Kooistra beheart.
Kooistra fûstke ek mei Marco Kroon, drager fan de Militaire Willemsorde. Kroon seit respekt te hawwen foar de Fries "die nog steeds strijdt voor het recht van oorlogsslachtoffers."
En dat is ek sa, want Kooistra hâldt alle dagen yn Bennema State syn argyf by.
Marco Kroon mei Jack Kooistra
Marco Kroon mei Jack Kooistra © Omrop Fryslân
Op syn keamer yn Hurdegaryp sammelet er noch hieltyd nammen fan slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch en de striid yn Nederlânsk-Ynje.
Kooistra skriuwt alle gegevens op lytse kaartsjes dy't nei it priveemuseum yn Loosdrecht ta brocht wurde. Dêr komme se te lizzen yn fitrines fol mei foto's, dokuminten en artikelen oer it libben en wurk fan Kooistra.

Nazi-jager

Kooistra wie fuotbalskiedsrjochter op heech nivo en rjochtbanksjoernalist. Hy is foaral ferneamd wurden as nazi-jager. Hy waard dêrom ek wol de Fryske Simon Wiesenthal neamd.
Sa hie er in belangrike rol by de opspoaring fan kampkommandant Herbertus Bikker en NSB'er Jacob Luitjens.
Kaartsjes mei oarlochsslachtoffers
Kaartsjes mei oarlochsslachtoffers © Omrop Fryslân
Dochs is Kooistra it grutskst op syn speurtocht nei slachtoffers sûnder namme of ferhaal, fertelt er by syn eksposysje. "Dy ha ik wer in gesicht jûn. Ik ha minsken holpen dy't harren rie te'n ein wiene omdat se net wisten wat mei heit, broer of soan bard wie."
De earste namme sette er as 10-jierrige jonge op papier. It wie de fiskboer yn it doarp dy't sneuvele. "Mem sei: dy komt net werom." It wie it begjin fan syn misje tsjin ûnrjocht. "En dêr gean ik mei troch."
Oer Jack Kooistra is in dokumintêre makke troch filmmakker Hidde de Vries en Videobrouwers fan Ljouwert. De dokumintêre 'Hunting Jack' gie ferline moanne op it Noardlik Filmfestival yn premjêre.
Op 10 jannewaris wurdt de film sjen litten oan Kooistra. Nei alle gedachten sil 'Hunting Jack' dêrnei yn ferskate lannen te sjen wêze. Ek Omrop Fryslân en de NPO sille de dokumintêre útstjoere.