Boksikoan Piet Rozendaal skitteret yn lanlike krystreklame: "Ferhaal giet oer mysels"

Piet Rozendaal
Piet Rozendaal © Omrop Fryslân
Fryske boksleginde Piet Rozendaal skitteret yn de nije krystreklame fan Albert Heijn. Fjouwer dagen lang ferruile er syn fertroude ring foar filmlokaasjes en kamera's. Hy hie de tiid fan syn libben: "Piet de filmstjer.. Dat soks noch foarbykomt op myn leeftiid."
En ynienen fûn Piet Rozendaal (79) út Ljouwert him werom op de set fan Albert Heijn. De bekende bokstrainer fertolke de haadrol yn in tearhertige krystreklame. It oanboarjen fan ferburgen akteartalinten wie net nedich. It ferhaal fan de tv-spot fertoant nammentlik grutte parallellen mei syn eigen libben, en dus koe Piet gewoan Piet spylje. "Ja, dat rôp de nedige emoasjes op." Hjirûnder fiif fragen oer syn tv-aventoer.

1. Hoe binne se foar dizze reklame by Piet Rozendaal útkaam?

"Bysûnder net? Dat komt benammen troch Jan Willem Hofma, in akteur dy't by ús yn de sportskoalle traint. Hy kaam nei my ta en fertelde dat der in krystreklame makke wurdt. Se sochten in fitte bokstrainer fan tusken de 65 en 85 jier. Hy fertelde my dat ik knipt wie foar de rol, want it wie praktysk myn eigen libbensferhaal dat ferteld waard.
De regisseur fertelde dat der noch in pear gadingmakkers wiene, mar hy wie der al gau út. 'Jij wordt het', sei er.
Piet Rozendaal
Doe haw ik kontakt socht en hearde ik dat ik delkomme koe. Dus hup, oare klean oan en op nei Amsterdam. Dêr fertelde ik myn ferhaal en spile ik in pear stikjes. De regisseur fertelde dat der noch in pear gadingmakkers wiene, mar hy wie der al gau út. 'Jij wordt het', sei er.

2. Wêrom liket it ferhaal yn 'e reklame sa op dy fan josels?

"As earste spylje ik in bokstrainer dy't mei syn learlingen omgiet as binne it syn eigen bern. Dat is by my yn it echt ek sa. Dêrneist is de haadrolspiler it kontakt mei syn dochter wat kwytrekke. Mei in ferlechje lokke learlingen him nei de sportskoalle. Dêr ferrasse se him mei in krystdiner, dêr't se ek syn dochter útnûge hawwe.
Farshid Bos (links) en Piet Rozendaal
Piet Rozendaal, mei Farshid Bos, ien fan syn learlingen © Johanneke Dijkstra
Ek by my hat it kontakt mei famylje net altyd like goed west. Ik ha se geregeld teloarsteld mei myn streken. Ik gie mei de ferkearde minsken om en makke ferkearde karren. Dêr skamme ik my wolris foar.
Myn relaasjes rûnen ek net bepaald sûnder wryt of slyt. Ik hie in antyksaak, 'Piet Antiek'. Dêrfoar gie ik faak de grins oer. Poalen, Ingelân, Frankryk, neam mar op. It is ek net om 'e nocht dat ik twa kear skieden bin. Ik wie altyd fuort.
Nei de skieding gie myn dochter Melissa mei har mem mei. Ik haw har doe in skoftsje net mear sjoen. Letter is it kontakt gelokkich wer hersteld. Yn 'e reklame spile ik dus mysels. Kinst begripe dat dit by my wat emoasjes oprôp."

3. Hoe wie it om op de set te wêzen?

"Prachtich, elkenien wie hartstikke aardich. Der kaam hieltyd wol ien del om te freegjen oft ik wat nedich hie. En as wy klear wiene, koe ik oernachtsje yn in lúks hotel yn de stêd.
It duorre nammentlik fjouwer dagen foardat alles derop stie. Sa'n reklame wurdt yn lytse stikjes opnaam. Der wiene wol sechstich minsken foar oan it wurk.
Ik haw dat stikje tink ik wol tweintich kear oerdwaan moatten, hold der hast in hernia oan oer, haha.
Piet Rozendaal
In soad tekst hie ik net, dus thús foar de spegel oefenje wie net nedich. En as der wat mis gie, dan waard ik wol korrizjearre. Foar ien sêne hie trouwens wat mear tiid nedich. Ik sit dan yn in stoel, wurd opbelle, en reagearje mei: 'Wat zeg je, ingebroken?!'. En dan gean ik gau oerein. Ik ha dat tink ik wol tweintich kear oerdwaan moatten, hold der hast in hernia oan oer, haha.
Mar ik ha fan elke minút geniete. It wie de krint yn 'e brij, dizze reklame. Dat soks noch foarbykomt op myn jierren. Ik bin echt sa grutsk as in pau."

4. Hast daliks oan elkenien ferteld datst op tv kaamst?

"Dat wie net nedich. Soms set ik myn telefoan sels even út, want ik wurd fan alle kanten belle. Sels ien fan de legere skoalle. Dy belle my om't er him ôffrege wat ik yn 'e goedichheid op tv die. Of do hast minsken dy't freegje oft ik dy man fan tv bin. En dan wolle se mei my op 'e foto.
Tsja, Piet de filmstjer.. Earst wie ik ferneamd yn Ljouwert, en no yn Fryslân. It is alle kearen fantastysk as er op tv is. It jout my pikefel en in gefoel fan eufory.
Piet Rozendaal
Piet Rozendaal © Omrop Fryslân
Mar myn hert bliuwt fansels by it boksen. Ynkoarten gean ik nei Rotterdam. Trije learlingen fan my dogge mei oan it Nederlânsk kampioenskip. Dêr draait it foar my om. Ik bin dan ek bliid dat ik mei dit spotsje de bokssport ekstra ûnder de oandacht bringe kin."

5. En no finansjeel ûnôfhinklik?

"It hat in moai ekstraatsje opsmiten. Ik soe der in autoke fan keapje kinne. Dat hie ik trouwens noch ferpeste kinnen troch myn mûle foarby te praten. Je tekenje in kontrakt dêr't yn stiet dat je neat oer de reklame sizze meie foardat er op tv komt.
As je dat wol dogge, dan binne je de sjaak fanwege in flinke boete. Normaal kin ik min stil wêze, mar ik hie dêr no gjin inkelde muoite mei, haha.
Oft ik myn boadskippen no ek by de Albert Heijn dwaan moat? Nee hear. Ik gean noch altyd gewoan nei de Jumbo. Naja, útsein as it bier by de Appie yn de oanbieding is."