HEA! in brêge boppe de bank

HEA! in brêge boppe de bank
Mei de fraach wat der boppe de bank hinget bedarret HEA! by Dylan Gerritsen yn Ljouwert. Der hinget in brêge boppe de bank foar de katten. Dy meie de boel graach oersjen. Fierder stiet der yn de húskeamer in megagrut krystdoarp.
Tegearre mei syn dochter hat hy alles opboud. De fassinaasje foar de krystdagen is 13 jier ferlyn by him begûn. Syn pake wie hielendal sljocht fan dy tiid en die der alles oan. Doe't hy ferstoar wiene de krystdagen net mear wat se west wiene, mar Dylan woe de tradysje fuortsette.