Omrop Fryslân

"Lotting fan ynfloed op útslach Regio Songfestival"

Afbeelding ter illustratie
© Omrop Fryslân
"As ik net as earste moatten hie, tink ik dat ik heger einige wie." Dat seit Melissa Pander. Se die foar Fryslân mei oan it Regio Songfestival.
Pander einige as fiifde. "Der hie mear ynsitten", seit se it pear dagen letter. Se wie te senuweftich.

"De druk wie heech"

"Middeis hiene we de earste soundcheck, doe gie alles noch goed. Ik wie relaxed en fol fertrouwen. Mar doe't it echt safier wie, wiene dêr ynienen dy senuwen. Miskien ek wol omdat ik de sjo iepenje moast. De druk wie heech."
By oare optredens binne sokke senuwen samar fuort, seit Pander. Mar no net. En it publyk makke de situaasje ek net better. "Ien groepke - mei de Fryske fans - gie hielendal los. Mar de rest siet my mei grutte eagen oan te sjen."
Sjoch hjir nei it optreden fan Melissa Pander
Net allinne de senuwen wiene fan ynfloed op it optreden, seit Pander. As se net as earste optreden hie, hie se it publyk better meikrigen, tinkt se.
"Myn nûmer hie better opfallen as der earst in pear ballads west hiene. Sjoch mar nei it optreden fan Grinslân, dat knalde derút. Der hie mear yn sitten."
Emmy Ackermans út Limboarch is de winner wurden fan it Regio Songfestival, mei it nûmer 't Letste rundje.
"Dy hie ik ek yn myn top-3", seit Pander, "mar net op ien. Want se hat it nûmer net sels skreaun, en dan giet by my de gunfaktor dochs wat mear nei in oar."

Regio Songfestival

It Regio Songfestival is it grutste projekt ea fan de mienskiplike regionale omroppen. It smakket nei mear, seit haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân.
"It ferskaat fan de regio's kaam hiel goed nei foaren. Bygelyks Drinte hie in ferske yn prachtich dialekt, en Limboarch ek. Dat brochten we allegearre hiel moai by inoar."
"Ik kin allinne mar grutsk wêze. Takom jier komt der in nije edysje."
Pander hopet no dat de belangstelling foar it Regio Songfestival har karriêre in boost jaan sil. Se hat in protte reaksjes hân, seit se. "Sels fan minsken dy't ik hielendal net ken."
"'Foar my bisto de bêste, do hast it hiel goed dien', sei ien. Dat fyn ik geweldich!"

"Ik bin net sa goed yn Fryske grammatika"

Har folgjende nûmer leit al klear, seit Pander, al moat se it noch opnimme. Yn it Nederlânsk, dat wol. "Ik skriuw makliker yn it Nederlânk", seit se, "mar ik wol no ek in nij nûmer yn it Frysk skriuwe. Al bin ik net sa goed yn de Fryske grammatika."
Fryske fans by it Regio Songfestival
© Omrop Fryslân
It nûmer Foarby dêr't se it Regio Songfestival mei helle, skreau se oarspronklik yn it Nederlânsk. Se hat it oerset, seit se.
"Dat moast, foar Liet." It Fryske sjongfestival Liet stiet allinne nûmers ta dy't skreaun binne yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. Dêr is Pander no bliid mei.
"Oars hie ik it miskien wol hielendal net dien. En dan hie ik dit allegearre net meimakke. Ik bin der hiel grutsk op."

Stimmen fan it publyk

As it allinne oan it publyk lein hie, hie Pander as twadde einige. Se waard fiifde, omdat der ek in faksjuery wie. Mar de ferskillen wiene lyts.
De útslach fan it Regio Songfestival
© Omrop Fryslân
"It skeelde mar achttjin punten mei de nûmer ien", seit Pander. "Ik bin der hiel bliid mei dat der safolle minsken op my stimd ha."
Wêr't de stimmen krekt weikomme, is net dúdlik. Yn tsjinstelling ta it Eurovisie Songfestival, dêr't minsken net op har eigen lân stimme meie, koe elkenien hjir stimme op alle kandidaten. Mar oft it allegearre Friezen binne dy't op Pander stimd ha, is net nei te gean. "Dat soe ik noch wolris witte wolle."
Afbeelding ter illustratie
© Omrop Fryslân
It is let wurden, dy sneontejûn yn Aldemardum. "Ik bin mei in bus fol Fryske fans weromriden út Utrecht wei", seit Pander. "We binne dêrnei mei in man of tsien by ús thús bedarre. It wie fiif of seis oere foardat ik op bêd lei."
No rjochtet se de blik op it folgjende doel: de Fryske top 100. It binne de hûndert bêste platen fan de provinsje. De hiele list is op Aldjiersdei te hearren by Omrop Fryslân, en de harkers meie bepale hokker platen der yn komme.
"Dus aanst kin hiel Fryslân wer op my stimme."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.