HEA! De smid fan it Skûtsjemuseum
HEA! Skûtsjesmid Wassenaar
Roel Wassenaar is al 25 jier belutsen as frijwillich smid by it Skûtsjemuseum yn Earnewâld. Yn de smidte fan it museum lit hy sjen hoe't hy ûnderdielen fan skûtsjes makket. Hy mei graach demonstraasjes jaan oan de besikers.
De 85-jierrige Wassenaar hat it smidsfak leard op de ambachtsskoalle en by de smid yn Winsum. Mar it grutste part fan syn wurksume libben wie by de Frico yn Wergea.
De Earnewâldster hat ek meiwurke oan 'e bou fan it houten skûtsje Aebelina, dêr't hy it smeiwurk fan dien hat. Hy docht ek noch opdrachten foar de skûtsjes fan de SKS.