Omrop Fryslân

HEA! De staazjerinner op de brommer

HEA! Goeie! Op de brommer
Hy soe in peukje smoke, mar de floeikes binne op. Colin van Dijk nimt efkes pypskoft by de tagongsdyk fan in pleats by Suwâld. Hy is ûnderweis nei syn staazje-adres yn in famyljeferfangend hûs. It is Colin syn twadde dei.
Hy folget in stúdzje Social Work. Om op syn staazje-adres te kommen wie der wol ferfier nedich. Yn it hok fan omke stie noch in Puch, mar dy hie al tweintich jier stilstien. Mei pake knapte Colin de brommer op, en no rydt hy der wer fleurich mei troch de Wâlden.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.