Dokkumer kringloopwinkel fynt unike foto's fan kamp Westerbork

Kringloopwinkel De Fûgelpits yn Dokkum hat in unike fynst dien: by it ûntromjen fan in hûs fûnen meiwurkers in foto-album oer kamp Westerbork. Yn it album steane foto's fan bygelyks it sikehûs, de barakken en in synagoge yn oanbou yn 1939.
Sokke foto's binne der hast net, neffens it Herinneringscentrum Kamp Westerbork. It sintrum hat dêrom grutte belangstelling. "Het zijn foto's van de bouw van kamp Westerbork", seit wurdfierder Joost Tanasale. "Wij zijn erg blij met de vondst."
Fynst
Jappie Wiersma fan de Dokkumer kringloopwinkel wie belutsen by de fynst. "Wy ûntromje huzen yn opdracht fan wenningstichtingen en partikulieren", fertelt hy. "Dan komt der wolris wat foarby om sjen te litten. Yn dizze wenning stie safolle guod. Fan alles en noch wat, de eigener wie in echte samler."
"By it ûntromjen hellen we wat boeken oan de kant en doe kaam ynienen dit foto-album tefoarskyn." Wiersma hat Herinneringscentrum Kamp Westerbork doe fuortendaliks op de hichte steld fan de fynst.
Hy seach fuort dat it foto's wienen fan kamp Westerbork yn de tiid doe't it flechtlingekamp boud waard. Dus fan foar 9 oktober 1939, doe't de earste (Joadske) flechtlingen kamen en it noch net fan de Dútsers wie.
"Ik wit der wol in lyts bytsje fan, sa wit ik dat dit foto's fan de opbou binne", seit Wiersma.
"Ik wie fernuvere doe't ik de fynst die, it is in stikje skiednis fan Nederlân. Der binne rare dingen gebeurd en dat mei nea wer barre. Mar it moat dêrom wol bewarre bliuwe."
Doe't it libben fan de Joaden yn Dútslân oan de ein fan de jierren tritich hieltyd dreger waard, kaam in flechtlingestream op gong. Guon minsken kamen nei Nederlân. It regear besleat in sintraal flechtlingekamp te bouwen. De kar foel úteinlik op Drinte, by Westerbork. Yn de simmer fan 1939 waard begûn mei de bou fan it flechtlingekamp.
It album wie yn it besit fan immen mei de namme Biemer en dy hie te krijen mei flechtlingewurk en de arsjitektuer yn dy tiid. Mooglik binne de foto's fan de arsjitekt fan it kamp.
Dy mooglikheid wurdt ûnderskreaun troch it Herinneringscentrum. "Sommige foto's die we per mail toegestuurd hebben gekregen, herkennen we uit een collectie van de architect van het vluchtelingenkamp, maar andere niet."
Nije wike tongersdei hat Wiersma in ôfspraak mei it werinneringssintrum. Dêr kinne se as earste de foto's besjen en mooglik achterhelje hokker ferhaal derachter sit.
"Het is erg fijn dat iemand zo oplettend en met gevoel voor geschiedenis een huis leeghaalt", neffens de wurdfierder. "Volgende week kunnen we het met eigen ogen bekijken."