Janny van der Molen woe dat it libben fan Anne Frank har freondinne net útgomme waard
Skriuwster Janny van der Molen fan De Knipe hat de ôfrûne jierren yngeand socht nei it Joadske famke Ilse Wagner. Sy wie in freondintsje fan Anne Frank. De syktocht is fêstlein yn de podcast 'Weggegumd'.
Foar har boek 'Vergeet mij niet' ferdjippe Van der Molen har yn de libbens fan de freonen en freondinnen fan Frank. Yn har deiboek waard de namme Ilse Wagner al op de earste siden neamd.
Van der Molen fûn it dêrom logysk om ek it libben fan Wagner te beskriuwen. Der wie lykwols net in soad oer har te finen.
"Ik wist wol wêr't se berne wie, wêr't se wenne hie en dat se fia Westerbork nei Sobibor transportearre is. Mar ik hie te min ynformaasje om der in oannimlike libbensbeskriuwing fan te meitsjen."
Ik tocht: se is fermoarde en no lit ik har ek noch falle.
It libben fan Ilse Wagner is dus net beskreaun yn har boek en dat fan tolve oare freonen en freondinnen fan Anne Frank wol. "Dat fielde net goed", seit van der Molen. "Ik tocht: se is fermoarde en no lit ik har ek noch falle."
Syktocht
Mar de skriuwster liet Wagner net falle. Mei de minsken fan podcastburo Audiodroom út Haarlem dûkte se op 'e nij yn de argiven, socht se minsken op dy't Wagner en har famylje mooglik kend hawwe en reizge se de hiele wrâld oer.
"Alle remmen giene los. Neat wie te folle. Wy ha nei Hamburg west, nei Israel, nei Sobibor en fansels ek nei Westerbork en Amsterdam. Wy binne echt ta it uterste gien en wat blykt: der komt dochs noch wat boppen wetter."
Foar it boek hat Van der Molen al mei in soad minsken praat en dat docht se no foar de podcast wer. It is neffens har hiel wichtich dat it boek en de podcast der kaam binne.
Net útgomje út de skiednis
"Ik ha meimakke wat it foar minsken betsjut dat der omtinken foar is. Want der binne safolle 'minsken sûnder namme' ombrocht, minsken dy't útgomme binne, fan wa't wy it bestean net mear witte om't der neat bewarre bleau. Dit famke - Ilse Wagner - stiet eins symboal foar al dy minsken. En ik sjoch it echt as ús opdracht om dy ferhalen te fertellen."
In oare freondinne fan Anne Frank en Ilse Wagner wie Hannah Goslar. Oer har freonskip mei Anne Frank is in film makke. Van der Molen en de podcastmakkers fan Audiodroom (Patty-Lou Middel-Leenheer en Richard Grootbod) hawwe har opsocht yn Israël.
Dat wie yn maaie 2022. In healjier letter is Goslar ferstoarn. "Wy hawwe noch mei har prate kinnen en weardefolle ynformaasje krigen", fertelt Van der Molen.
Yn it foar wie net dúdlik oft de syktocht wat opsmite soe: "It hie sa wêze kinnen dat dizze famylje net allinnich útgomme wie yn de sin fan fermoarde yn de Holocaust, mar dat se ek echt net mear bestean. Dat der gewoan neat mear is. Dat fûnen wy net te fertarjen, mar it hat wol it lot fan in soad famyljes west."
It hat in hiel yntinsive tiid west foar Van der Molen, mar it wie it wurdich. "Ik ha yn myn skriuwerskip bêst wol in soad moaie dingen meimakke, mar foar my is dizze podcast echt hiel spesjaal."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.