Bekerlotting: Hearrenfean thús tsjin VVV, Cambuur ûntfangt MVV
De twa Fryske klups yn it betelle fuotbal spylje yn de earste ronde fan it KNVB-bekertoernoai beide in thúswedstriid tsjin in Limboarchske earstedivyzjeklup.
sc Hearrenfean nimt it thús op tsjin VVV-Venlo, op dit stuit de nûmer twa fan de earste divyzje. SC Cambuur moat thús tsjin MVV Maastricht, dy klup stiet op it stuit fjirtjinde.
De presize data fan de wedstriden fan Hearrenfean en Cambuur binne noch net bekend. De wedstriden yn de earste ronde fan de KNVB-beker binne op 31 oktober en 1 en 2 novimber. Cambuur spilet oardel wike dêrfoar noch út tsjin MVV.
Gjin Fryske amateurklups
Der dogge dit jier gjin Fryske amateurklups mei oan it haadtoernoai fan de KNVB-beker. Harkemase Boys waard fan 'e wike útskeakele yn de twadde foarronde, foar ONS Snits, Blau Wyt'34 en Jobbegea foel in ronde earder al it doek.