Omrop Fryslân

Keunstriffen fan âlde parrebeammen yn de Waadsee sitte fol seelibben

In stik rif ûnderweis oer it Waad
© Oscar Franken
In protsje âlde parrebeammen yn de Waadsee sitte grôtfol libben, goed in jier nei't it dêr ûnder wetter oanbrocht is. De parrebeammen foarmje keunstmjittige riffen, dy't it driuwhout ferfange moatte dat eartiids noch gauris yn de see bedarre.
"Binnen hele korte tijd zagen we dat de rifjes goed begroeid waren en dat er om de rifjes heen meer dieren voorkwamen", seit Oscar Franken fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ).
Dat fernuveret Franken wol in bytsje. "We weten wel dat dingen onder water begroeid raken, maar dat dit zo snel zou gebeuren, was wel een verrassing."

Pealwjirm

Dit jier binne de rifkes foar de twadde kear boppe wetter helle. "Toen hebben we ook paalworm gevonden", seit Franken. Dy bisten binne al dwaande mei it ôfbrekken fan it hout, mar de ferwachting is dat de beamkes noch wol jierren mei kinne.
Neffens Franken soe it moai wêze as de rifkes úteinlik hielendal út it systeem ferdwine. "Hoe mooi zou het zijn als we een materiaal bieden waarop soorten zich kunnen vestigen en dat het materiaal naar verloop van tijd uit het systeem verdwijnt en dat het systeem uiteindelijk zichzelf in stand houdt."
Eartiids dreau der folle mear hout yn de see. Troch it oanlizzen fan dammen en sluzen, is de houtoanfier folle lytser. De rifkes binne ferstevige mei beton. Dat is dien sadat it hout de skipfeart net hinderet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.