Sc Hearrenfean ferliest oefenwedstriid fan it Belgyske KVC Westerlo
Hearrenfean hat in oefenwedstriid tsjin KVC Westerlo mei 2-0 ferlern. Se spilen twa kear sechstich minuten.
Westerlo wie ferline jier de nûmer sân yn de Belgyske kompetysje. De wedstriid waard spile yn Wenum-Wiesel. De wedstriid wie net tagonklik foar publyk, omdat lokale autoriteiten dat net talieten.
Westerlo wie ferline jier de nûmer sân yn de Belgyske kompetysje. De wedstriid waard spile yn Wenum-Wiesel. De wedstriid wie net tagonklik foar publyk, omdat lokale autoriteiten dat net talieten.
Yn de earste sechstich minuten wie der net ien ploech echt de bettere. De bettere kânsen wiene foar Westerlo, wylst Hearrenfean krekt wat mear de bal hie. Mar skoard waard der net.
Opstelling earste sechstich minuten:
Andries Noppert; Hussein Ali, Syb van Ottele, Djenahro Nunumete, Mats Köhlert; Espen van Ee (Ilyas El Moussaoui), Anas Tahiri, Tibor Halilovic, Alex Timossi, Pelle van Amersfoort en Safouana Karim.
Opstelling twadde sechstich minuten:
Bernt Klaverboer, Ties Oostra, Pawel Bochniewicz, Willard Timmerman, Roan van der Plaat, Thom Haye, Simon Olsson, Charlie Webster, Melle Witteveen, Daniel Karlsbakk en Ché Nunnely.

Hearrenfean krige fia Tibor Halilovic in echte kâns, mar syn skot waard op it lêst goed blokt. Syb van Ottele wie mei in fraaie 'volley' noch tichtby. Westerlo seach in goal ôfkard wurden en twa kear wie der in knappe rêding fan Andries Noppert.
Noppert wer werom
De keeper wie der foar it earst wer by. Noppert die noch mei it Nederlânsk alvetal mei oan de Nations League en is dêrtroch letter oansletten. Milan van Ewijk en Osame Sahraoui diene dizze simmer mei oan it EK ûnder de 21 en wiene der noch net by.
De twadde sechstich minuten spilen beide ploegen mei in folslein nij team. Westerlo kaam nei 25 minuten op in 1-0 foarsprong. Kyan Vaesen kopte de earste goal fan de wedstriid der yn.
Westerlo better
Lang wie Westerlo ek krekt wat better. Yn de einfaze krige Hearrenfean noch wol wat kânsen, mar de goal kaam net. Thomas van den Keybus brocht út in counter fiif minuten foar tiid de stân op 2-0. Hy skeat mei in drûge knal de bal njonken keeper Bernt Klaverboer yn de koarte hoeke.
Folgjende wike tongersdei spilet Hearrenfean yn Jobbegea tsjin OFI Kreta. Dêrnei giet Hearrenfean nei Ingelân foar in wedstriid tsjin Huddersfield Town. De lêste oefenwedstriid is tsjin it Frânske FC Metz.