Keeper Jan de Boer fan Sleat op proef by SC Cambuur

Jan de Boer © Cambuur Media
Keeper Jan de Boer fan Sleat is op proef by SC Cambuur. De doelman traint de kommende perioade mei by de Ljouwerters.
De Boer spile de ôfrûne jierren by FC Grins. Hy spile trije earedivyzjewedstriden foar dy klup. De Boer hat de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean trochrûn.
De doelman soe eins nei VVV-Venlo, mar troch finansjele problemen by de klup út Venlo giet dat foarearst net troch. De Boer soe eins in kontrakt foar twa jier tekenje by VVV.
De Boer en Cambuur sille no sjen oft se wat foar elkoar betsjutte kinne.

Oefenwedstriid tsjin Emmen giet net troch

De oefenwedstriid dy't Cambuur op sneon 4 augustus spylje soe tsjin FC Emmen giet net troch. Dit is omdat beide ploegen elkoar ek al tsjinkomme yn de earste kompetysjeronde fan it nije seizoen. Cambuur siket noch nei in ferfangende tsjinstanner.