Omrop Fryslân

Wetter yn Waadsee noch noait sa waarm: "Gevolgen klimaatverandering spelen zich voor onze ogen af"

Deade kokkels by Gryn
© The Fieldwork Company
It wetter yn de Waadsee hat noch noait sa waarm west as yn juny fan dit jier; yn de wike fan 19 juny wie it mear as 21 graden. Dat hat it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) bekendmakke. Wittenskippers en kokkelfiskers meitsje harren grutte soargen oer de gefolgen foar kokkels.
"Ik houd mijn hart vast voor de schelpdieren, na de recordtemperaturen van halverwege juni", seit Katja Philippart, skulpdiere-ûndersiker oan it NIOZ en heechlearaar Productiviteit van Mariene Kustecosystemen oan de universiteit fan Utrecht.
It NIOZ mjit al sûnt 1861 de temperatuer fan it Waadwetter. Sûnt 2001 bart dat om de tsien minuten, wêrtroch't der in hiel betrouber trochsneed fan de deitemperatuer makke wurde kin, oft it no heech- of leechwetter is. De mjittingen fine plak yn it Marsdiep by Teksel.
Nei in relatyf waarme winter en in earst wat kâldere maitiid gong de temperatuer fan it wetter ynienen omheech. Uteinlik waard de waarmste moanne yn de Waadsee metten yn goed 160 jier.
De grafyk fan 1861 oant juny 2023
© Sonja van Leeuwen, NIOZ
It giet no wol hiel geregeld mis mei benammen de kokkels. Allinnich 2020 wie in normaal jier. Yn alle oare simmers gie it benammen yn de twadde helte fan augustus mis, mei in soad stjerte. "Dat ziet er vrij dramatisch uit", seit hânkokkeler André Seinen fan it bedriuw Meromar út Harns.
"Kokkels die sterven, kruipen uit de bodem naar de oppervlakte. Vervolgens zie je de inhoud van de schelpen ook dood ronddrijven, want anders dan bijvoorbeeld een mosseltje, laat een kokkel los van zijn schelp wanneer die sterft. Alles wat overblijft, zijn lege schelpen op de wadplaten."
Direkteur Katja Philippart fan de Waddenacademie (argyfbyld)
© Omrop Fryslân
Kokkels ha mear fretten nedich mei hege temperatueren en in part fan it fretten bestiet út algen yn it swiete wetter dat út de Iselmar spuid wurdt. Omdat it simmerdeis sa drûch is, komt der lykwols minder swiet wetter nei de see, wêrtroch't de kokkels minder fretten krije.

"Feroarjende klimaat"

Likegoed Seinen as Philippart sjogge de kommende wiken hiel goed nei de kokkels yn de Waadsee. "Sowieso staan alle professionals op scherp door de hoge temperaturen die nu over de hele wereld worden gemeten in de zeeën en oceanen", seit Philippart.
"We zien op dit moment de concrete gevolgen van het veranderende klimaat zich voor onze ogen afspelen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.