Coach Jan fisket mei âlderen yn Balk: "Zoute haring aan het haakje, kunnen we gelijk opeten!"

Alderein fan ferskate Fryske tehuzen binne dizze wiken moai fuort. Sportfiskerij Fryslân organisearret fiskmiddeis foar de bewenners. Yn Balk hingje dêrom de angels yn de Luts.
Yn it sintsje lekker kuere en stoareagje nei in dobberke yn it wetter. Oant dat it dobberke ûnder giet. Foar de âlderein fan Talma Hiem út Balk is it in hearlike middei. Sportfiskerij Fryslân organisearret soksoarte aktiviteiten foar tehuzen. Dit is de earste fan twa dagen yn Balk.
Coach Jan fisket mei âlderein yn Balk
"It giet geweldich. Ik haw der al fiif fongen!" It giet rap by Doetie van der Veer. Noch gjin healoere sit se by de Luts, mar de fisk byt rap. "Mar se binne net sa grut hear, it binne allegear wytfisken. It giet net om fisk te krijen. It is gewoan moaie ôflieding en lekker gesellich sa by elkoar. Ik bin bêst tefreden!"
"It is eat dêr't wy altyd nei útsjogge", seit Annejet ter Velde. Sy is frijwilligerskoördinator by Talma Hiem. "Ofrûne jier is 'Coach Jan' foar it earst mei west om te fiskjen. Aas mei, in angel mei en dan lekker oan de kant sitte. Wa is der dan net bliid?"

De fiskerij yn Balk wurdt organisearre troch Jan van der Werf, fiskmaster by Sportfiskerij Fryslân. Van der Werf jout troch de hiele provinsje fiskworkshops. Fannemoarn hat er it ark, aas en lokfoer al klearset. Oan de Luts helpt Coach Jan bygelyks mei it aas oan de angel te dwaan.
Coach
"Dan binne je op dat stuit gjin fiskmaster, mar coach", seit Van der Werf. "Der komme hieltyd mear tehuzen dy't in fiskmiddei oanfreegje foar de bewenners. Dy genietsje derfan. Dus ik doch it mei in hiel soad wille."
De fiskmiddeis binne ûntwikkele troch Sportvisserij Nederland. Van der Werf: "Ferline jier hie in frou in hiel grutte brazem fongen. Se hie noch noait fan har libben fiske! Dy hat se fansels fêsthâlden en hat dermei op de foto west. Se wie sa grutsk, it wie in ûnderfining."

Spitigernôch hat net eltsenien dat gelok. By Jurrien de Vries wolle se net bite. Dochs ferminderet dat de wille net: "We hebben wat te doen hè! Anders zitten we elkaar maar aan te kijken. Nu hebben we een afleiding."
En as it echt net bite wol, hat De Vries al in oplossing betocht. "Dan loop ik wel naar de viswinkel op de hoek. Zoute haring aan het haakje, kunnen we het gelijk opeten!"