Maratonteam BDM-BTZ is mei Fries oan it roer en 'geheim wapen' de seizoensferrassing
Irene Schouten en Marijke Groenewoud mei ploechlieder Jillert Anema binne de absolute stjerren fan it maratonreedriden, mar Anema is dit seizoen by de froulju net de meast suksesfolle ploechlieder. Dat is in oare Fries: Eelco Kooistra.
Mei syn Team BTM-BTZ behelle er dit seizoen de iene nei de oare oerwinning en waard it ploegeklassemint by de KPN Marathon Cup wûn. "Ik moat wol sizze: Team Zaanlander, dêr sit safolle kwaliteit. Allinnich dy ride net alle wedstriden", seit Kooistra earlik. "As Irene (Schouten, red.) en Marijke (Groenewoud, red.) der net binne, dan binne wy de te klopjen ploech."
Team BDM-BTZ wie it te klopjen team yn it frouljuspeloton dit seizoen
Team BDM-BTZ bestiet út fjouwer froulju: Esther Kiel, Ineke Dedden Elsemieke van Maaren en Merel Bosma. Dy lêste soarget tegearre mei Kooistra foar de Fryske ynbring yn de ploech.
De froulju wienen mei syn fjouweren al mear as tweintich kear goed foar in maratonmedalje dit seizoen. Kooistra is de tel hast kwytrekke: "Ik tink dat we tsien of alve wedstriden wûn hawwe dit seizoen. Ik wit it net, mar it makket my ek net safolle út."
Natueriis
"We helje der ek in hiel soad wille út en dat is fansels de wichtichste faktor", seit de Fries. Benammen út de natueriiswedstriden yn Sweden, ôfrûne moanne, waard in soad wille helle.
Fan de trije Grand Prix's wûn BDM-BTZ der trije. It wie sels sa'n machtsblok dat de oare froulju yn it peloton der faak al fanút gienen dat in twadde plak it heechste helbere wie.
"Dat is natuerlik fantastysk", seit Kooistra. "Dan hast wol sekerheid op it iis. As se gjin maleur krije mei redens ofsa, dan witst hast wol seker datst meidochst foar de oerwinning. It bringt fansels ek wer oare dingen mei him mei, want se kinne alle fjouwer winne. Dêr moatte je wol dúdlike ôfspraken oer meitsje."
Dat ôfspraken meitsjen is gjin probleem foar de fjouwer rydsters. It geheime wapen fan de ploech? "De hechtheid", seit de Haarlemse Kiel, dy't al sân jier yn Fryslân wennet en it Frysk perfekt ferstiet, mei troch har tiid as wurknimster yn in fytsesaak yn Grou. "
"We kunnen allemaal op elkaar bouwen en dat het goed met elkaar vinden. We willen voor elkaar rijden. Elkaar sterker maken. Dat is heel mooi", seit Kiel.
Bosma kin net oars as dêr yn meigean, sa seit se. "We hebben heel veel respect voor elkaar. We zijn heel eerlijk naar elkaar. We zeggen het als we ergens mee zitten. Daar kunnen we heel erg van leren. Zowel op het ijs als naast het ijs", seit Bosma.
"En, ja, ik denk dat dat het eigenlijk is. Het klikt gewoon supergoed. Dat is moeilijk te omschrijven, maar ik ben heel blij met deze meiden."
By de alderlêste Maraton Cup-wedstriid yn de Alvestêdehal yn Ljouwert hie Kiel noch kâns om it yndividuele klassemint te winnen. Dan moast se de wedstriid lykwols wol winne, mei in ronde foarsprong.
Dy opjefte bliek te grut. De oerwinning gie nei Schouten en Groenewoud fan Hallum waard twadde. Kiel wurdt wol tredde, mar genôch foar it klassemint is it net.
Foar folgjend seizoen is der dus ien opdrach: it gat mei Team Zaanlander tichtsjen. "Daar mag de trainer eens even over na gaan denken. Er moet nog een stapje bij, maar ik ben ervan overtuigd dat we het kunnen", beslút Bosma.