'Kâns lyts dat Tall Ships Races yn Harns yn 2026 trochgean'

Boargemaster en wethâlders fan Harns hawwe in negatyf advys oan de gemeenteried jûn oer de Tall Ships Races 2026. Dat komt as in ferrassing foar de organisaasje fan it nautyske evenemint mei wedstriidfaktor, en dat wylst de tiid bot driuwt.
De organisaasje is dwaande mei it meitsjen fan in bidbook foar de edysje 2026. Dat is in soart rapport dêr't yn stiet wêrom't in stêd in evenemint hawwe wol en wat de stêd te bieden hat. De organisaasje fan de Tall Ships Races beslút dan hokker stêd of stêden se oandogge.
Koart dei
It bidbook moat uterlik ein maart klear wêze, Dêrfoar wie de organisaasje mei de gemeente Harns yn oerlis. Saken lykas hoefolle trainees, starthaven of finishhaven en wat it bêste past kwa fakânsjeplanning kamen oan de oarder. Der waard net sein dat it om de gemeente wolris net trochgean kinne soe yn 2026. seit Jan Reier Arends fan de Tall Ships Races.
Tall Ships Races 2026 nei alle gedachten net yn Harns
De Tall Ships Races binne fergees. Foar de gemeente is it wichtich dat de provinsje ek meidocht. En krekt de provinsje is noch in ûnwisse faktor. Op 15 maart binne der provinsjale ferkiezingen en it is mar de fraach hoe't politike lân der dêrnei hinne leit. Miskien hat in nij provinsjebestjoer wol folle minder mei tallships.
Finansjeel risiko
Dan is it finansjele risiko te grut foar de gemeente, neffens it kolleezje fan B en W fan Harns. Takom wike wurdt de saak troch de gemeenteried bepraat.
Mooglik kinne de Tall Ships Races yn 2029 wol trochgean yn Harns. Mar dan sit der in lang skoft tusken - de foarige edysje wie yn 2022 - en is it nautysk evenemint mooglik al ferbûn oan in oare stêd of regio. Antwerpen is in konkurrint foar 2026. De Belgen wolle it ek foar de jierren 2030 en 2034 binnenhelje.