Jorrit Schreuder oer in jier oarloch: "We sitte yn in aaklike dream, in nachtmerje"

In jier fan ûnrêst en ûnwissigens wie it. Jorrit Schreuder omskriuwt in jier oarloch yn Oekraïne as in aaklike dream dy't mar duorjen bliuwt. De ein is ek noch net yn sicht, tinkt hy.
Al twaenheale moanne sit de Fries om utens no op it Oekraynse plattelân by skoanmem. De bern ha online les en de frou bakt fan alles foar de soldaten oan it front. Fierders kinne se net safolle dwaan en giet it libben ek wer sa gewoan mooglik troch.
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje der ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. Hy docht syn ferhaal by ús.
Werom nei 24 febrewaris 2022. Dat wie in hiel rare dei. Jorrit Schreuder, syn frou en twa dochters wiene al fuort út Oekraïne. 15 Febrewaris giene se nei freonen yn Roemenië omdat hy it net fertroude. "Ik seach bylden fan tanks en legeropbou yn Wyt-Ruslân (Belarus) en dat leit net sa fier fan Kyiv, ik fertroude it net."
Yn Kyiv is it leger lykwols net kaam. De file tanks kaam tichteby, mar bleau stykjen. De stêd waard wol mei raketten bestookt, mar nei in skoft gie de húshâlding fia Frankryk, dêr't se in pear moannen wennen, dochs werom nei Kyiv. "Kyiv is ús thús."
Jorrit Schreuder oer in jier oarloch
It hat in soad ûnrêst jûn by Schreuder syn famylje. Seker yn it begjin wie it de ûnwissigens dy't stress joech. Yn Kyiv hat Schreuder in pear apparteminten. Syn húshâlding wenne dêr. De bern giene der nei skoalle.
De fraach wie hoe't de takomst der útsjen soe. "Bliuwt ús hûs stean en kinne we werom?" It wie ien fan tal fan fragen dy't hinne en wer gienen yn de holle fan Schreuder. "It wie in soarte fan besluteleasheid."
Oarloch giet oan de bern foarby
Dochs wie it libjen yn Kyiv úteinlik wol wer goed te dwaan. De raketoanfallen wenden, seit Schreuder. It wie wol ûnrêstich, de stroom foel hieltyd út en de bern moasten op skoalle faak nei de skûlkelders. Oare bern wiene faak bang en gûlden dan. De dochters fan Schreuder wiene der rêstich ûnder. "De bern binne myn helden."
Neffens him giet de ellinde foar in grut part oan syn bern foarby. De famkes folgje foaral online les. It ûnderwiis dat se krije, is hiel goed. "Se hawwe ek yn Frankryk nei in skoalle west. Dat wie in stik simpeler."
It reizgjen troch Europa hat se ek wat opsmiten. It wie in soarte fan libbensles foar de bern. No hawwe se fan it plattelân ôf alle dagen online les. Dat fine de bern minder noflik. Se misse skoalle.

Foar de frou fan Schreuder is it allegear noch konfrontearjender. Se twivelet hieltyd: bliuwe of fuortgean? "Se wol har lân net yn de steek litte." Se docht in protte foar de soldaten oan it front. Bakt broadsjes en oare saken om it leger te helpen. Op it plattelân is it reedlik rêstich. It loftalaarm giet sa út en troch ôf, mar fierders fernimme se net sa folle.
Mear oanfallen ferwachte
Schreuder ferwachtet dat it de kommende dagen wol wer los giet mei oanfallen fan de Russen. "It is in jubileum, dus sil der wol wer wat barre." Oft der in grutte oanfal komt, kin hy net ynskatte, mar hy hâldt der wol rekken mei.

In jier oarloch is it no. Hoelang't it noch trochgean sil, wit Schreuder net. "Neffens Zelensky is it binnen in jier foarby mar oaren sizze dat de oarloch folle langer duorje sil."
De kommende tiid bliuwt de húshâlding op it plattelân. Oft se yn Oekraïne bliuwe, is net wis. It hinget ôf fan it ferrin fan de oarloch. As it sa bliuwt en it net tichter by komt, dan wolle de Schreuders yn harren lân bliuwe, it leafst yn Kyiv.
Foarearst bliuwt it lykwols ûnrêstich en in wazige dream dy't noch net foarby is.