Omrop Fryslân

Dariia Merkotan nei in jier oarloch: "It fielt noch as de dei fan juster"

Dariia
© Omrop Fryslân
De wrâld fan de Oekraynske Dariia Merkotan (18) stiet op syn kop. Se moast flechtsje en wennet no op De Gordyk. Foar Omrop Fryslân die se ferline jier ferslach fan har libben. Omdat it dizze wike in jier lyn is dat Ruslân Oekraïne ynfoel, sjocht se werom en foarút.
"Op 24 febrewaris is de Russyske ynvaazje yn Oekraïne in jier lyn. Sels nei in jier fielt it idee fan oarloch yn ús lân noch hieltyd as in nachtmerje. Ik kin de earste dei noch goed weromhelje, as wie it juster.
Dy perioade wie ik online oan it studearjen oan de universiteit fan Kyiv, dus ik siet thús yn Cherkassy. Dy dei soe ik in frije dei ha. De moarn begûn ier en betiid, omdat ús mem drok oan it omrinnen wie yn it appartemint en mei ús pake en beppe prate.
Earst hie ik net yn 'e gaten wat der oan de hân wie, mar troch ien sin fan ús mem siet ik rjochtop yn bêd: "De oarloch is begûn, want Ruslân hat Oekraïne oanfallen."
Troch ien sin fan ús mem siet ik rjochtop yn bêd: "De oarloch is begûn, want Ruslân hat Oekraïne oanfallen."
Dariia Merkotan
It earste wat we dienen, is needkoffers ynpakke en omklaaie, foar it gefal dat we samar ús appartemint út moasten. We bellen myn broer, dy't op dat stuit yn Kyiv wenne, en seinen dat er thús komme moast. Aldergeloks is er doe moarns betiid fuortriden, want letter waard it tige drok op 'e dyk.
We sieten te bidden dat hy net fêst kaam te sitten yn it ferkear. Doe't myn broer ienkear yn ús stêd wie, wie ik wol wat ferromme. Allinnich hienen we no gjin idee wat we ferwachtsje moasten.
Oan it begjin fan de dei wie der noch gjin loftalarm, mar dat duorre net lang mear. We sieten allegear hieltyd nei it nijs te sjen op telefyzje en online om mar te begripen wat der krekt oan 'e hân wie.
Letter op 'e dei klonk it loftalarm elk oere. Dan rûnen we nei de skûlkelders, dy't fol sieten mei benaude minsken. Ek bern en bisten. Dy stress en eangst soarge der ek foar dat we net sliepe of ite koenen.
Mem Svitlana, Dariia sels en heit Andriy
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Us mem en ik koenen it net mear oan nei twa wiken oarloch, dus we besleaten om nei it bûtenlân te gean en dêr in feilich plak te finen. Us heit hie in feilich plak foar ús fûn yn Nederlân, dêr binne we dus hinne gien. As ús heit net al yn it bûtenlân wie, hienen wy it net oandoard om der allinnich hinne te gean.

It libben ûnomkearber feroare

No is der in jier foarby, mar it fielt noch as de dei fan juster. It wie in jier mei safolle deaden en safolle tragyske mominten yn Oekraïne, it docht pine yn it hert.
De libbens fan alle Oekraïners binne sa bot feroare, likegoed foar de minsken dy't nei it bûtenlân flechte binne as foar de minsken dy't yn Oekraïne bleaun binne.
In soad minsken binne yntusken wend oan dy loftalarms en de stroomútfallen, dus elkenien besiket it gewoane libben wer op te pakken. Us pake en beppe besykje ek om posityf te bliuwen.
En myn broer, dy't no werom is yn Kyiv, is wer oan it wurk. Hy helpt mei om oanfallen stêden yn Oekraïne wer op te bouwen. Soms is it wol dreech om kontakt mei him te hâlden, fanwegen alle stroomútfallen."
Op freed 24 febrewaris is it in jier lyn dat Oekraïne binnenfallen is troch Ruslân. Omrop Fryslân stiet de hiele dei stil by de oarloch op radio, telefyzje en op de webside. Mei ûnder oare ferhalen fan de Oekraynske flechtling Dariia Merkotan, it doarp Haulerwyk dêr't fjirtich flechtlingen hieltyd mear yntegrearje yn de mienskip en mei East-Europasaakkundige Sipke de Hoop oer wannear't de oarloch ta in ein komt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.