Omrop Fryslân

Mei sechtich aggregaten op wei nei Oekraïne: "Om 07.00 uur moeten we bij de grens zijn"

Mear as hûndert transporten fan Friese Rijders binne ûnderwilens rjochting Oekraïne gien. Moandei folget der wer in lading. Dit kear net mei in buske of auto, mar mei help fan in frachtwein mei mear as sechtich aggregaten oan board.
Alle wiken geane frijwilligers fan Friese Rijders nei it troffen lân, om dêr de befolking te stypjen mei meinommen guod. Moandei is it transport lykwols grutter as gebrûklik, fertelt Jochum van der Wielen. Hy is frachtweinsjauffeur út namme fan de Friese Rijders.
"Normaal gaan we met een busje of een auto. Maar nu vervoeren we meer dan zestig aggregaten. Plus lang houdbaar voedsel en dekens. Daarom ga ik vandaag met een ander in de vrachtwagen richting Oekraïne."

Entûsjast troch soan

Van der Wielen makke earder de tocht nei it lân. "Ik werd enthousiast gemaakt door mijn oudste zoon, die er afgelopen zomer naartoe ging. Vervolgens besloot ik eind vorig jaar met een dorpsgenoot uit Burgum ook die kant op te gaan. In een busje brachten we goederen. Op de terugweg namen we twee moeders en hun kinderen mee."
Earder wie der in aksje opset om aggregaten yn te sammeljen foar Oekraïne. Dat waarden der yn totaal 208. "Een deel is al vervoerd. Wij brengen nu dus ook een deel." De aggregaten binne nedich omdat op in soad plakken yn Oekraïne fernield is.

07.00 oere oan de grins

De tocht nei Oekraïne nimt sa'n 20 oant 22 oeren yn beslach, ferwachtet Van der Wielen. "Om 07.00 uur moeten we bij de grens zijn, en dat gaat ons lukken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.