Jorrit Schreuder loovjend oer Zelensky: "Hy is in echte lieder"

Jorrit Schreuder © Jorrit Schreuder
It binne relatyf rêstige wiken op it Oekraynske plattelân, mar de eangst foar in Russyske oanfal bliuwt. Dat seit Jorrit Schreuder, dy't mei syn Oekraynske frou en twa dochters yn Zapadyntsi wennet, tusken Kiev en Charkov.
It is dêr winter, mei flink wat graden ûnder it friespunt. Twa wiken lyn wie der noch geregeld stroomútfal, mar dat giet no in stik better. "It ôfrûne wykein hienen we sels twa hiele dagen mei stroom, dus dat wie top", fertelt Schreuder.
Mar der gebeurt net in soad yn Zapadyntsi. "Hjir sitte gjin strategyske doelen, dus alles is rêstich."
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje der ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. Hy docht syn ferhaal by ús.
De kar om Kiev te ferlitten en werom te gean nei it plattelân, wie in bewuste. "We wennen yn Kiev yn in flatgebou op tolve heech. As dêr ris de stroom útfalt, docht de lift it ek net. Dan is it in lang ein mei de trep. En ek mei it loftalarm is it ûnrêstich. We ferwachtsje dizze moanne noch in oanfal fan Ruslân. Dan sitte we hjir feiliger as yn Kiev."
Elkenien hat hjir ien grutte fijân: dat lytse mantsje dat yn Ruslân sit.
Jorrit Schreuder oer Poetin
It libben yn Oekraïne befalt him, nettsjinsteande de oarloch, tige goed. "De kwaliteit fan it libben is hjir geweldich goed. Je ha hjir folle mear frijheid as yn Nederlân: fjurke stoke, rommel ferbrâne. It klinkt miskien wat simpel, mar dat giet hjir wat makliker."
En der is mear: "De famyljebannen binne hjir hiel sterk, dat is moai om te sjen. En dat is yn de oarloch allinnich mar hechter wurden. Minsken binne hjir ek hiel ferdraachsum. Elkenien hat hjir ien grutte fijân: dat lytse mantsje dat yn Ruslân sit."
It is oarloch, mar de kwaliteit fan libben yn Oekraïne is noch hiel goed, seit Jorrit Schreuder
Presidint Volodymyr Zelensky is tongersdei yn Brussel op in EU-top mei regearingslieders. It wurdt pas syn tredde bûtenlânske reis sûnt de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne op 24 febrewaris ferline jier, mar Zelensky hat konstant kontakt mei syn kollega's. Dat hat der bygelyks foar soarge dat ferskate lannen mear en swierdere wapens nei Oekraïne tastjoert.

In echte lieder

"Dy komme no stadichoan hjir oan", fertelt Schreuder. "Zelensky stiet der by ús goed op. Ik fyn it fantastysk hoe't er it docht. Hoe't hy him presintearret, wat er alle dagen docht foar it lân: in echte lieder. Hy giet ek nei it front ta, nei plakken dy't befrijd binne, plakken dêr't ellinde is. Hy is echt begien mei it lân."
Schreuder is net de iennige dy't dat fynt. De Fries om utens praat noch net in hiel soad Oekraynsk, mar fia syn frou hat er wol kontakt mei oaren. "Goede freonen fan ús famylje ha we wol kontakt mei, mei ien dy't yn it leger sit bygelyks. Dy reparearret Russyske tanks dy't se fûn ha. Dy jonges ha it ek allegear goed foar mei Zelensky."
Jorrit Schreuder mei wol graach oer Zelensky: "In echte lieder"
De ynfal fan Ruslân yn Oekraïne is yntusken hast in jier lyn: op 24 febrewaris is dat it gefal. "It giet hurd. Op telefyzje ha se in tellerke yn byld, dêr't se it byhâlde. Ik tink dat de Russen der mear by stilsteane as de Oekraïners, al ferwachtsje ik wol dat Zelensky it momint brûke sil om mear help te freegjen. Dat is ek hurd nedich, want der is sa'n soad ellinde oan it front. Alle stêden oan de frontliny binne stikken sketten, dêr is hast neat fan oer. Dat giet troch, dei nei dei."

'In fantastyske takomst'

In sicht op in ein fan de oarloch is der noch net, mar Schreuder hâldt hoop. "De Oekraïners witte wêr't se foar fjochtsje. By de Russen is de moraal folle minder. It wurdt in einleaze striid. Mar ik ha goede hoop dat der in kearpunt komt yn de kommende moannen. Wêr't dat op basearre is, wit ik eins ek net, foaral op hoop. As it útkomt en it komt goed, dan hat it lân in fantastyske takomst."