It hie net folle skeeld of it Aldemardumer Klif hie net mear bestien

Arnoud van de Ridder by it Aldemardumer Klif © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
It hie net folle skeeld of it Aldemardumer Klif hie net mear bestien sa't wy it no kenne. In groep wittenskippers besocht 110 jier lyn út te finen oft de mergel yn de grûn eksploitearre wurde koe.
Arnoud van de Ridder, frijwilliger by Natuurmonumenten fan Aldemardum, socht âlde foto's en ferslaggen op en beskreau in wittenskiplike ekspedysje yn in boek oer it Aldemardumer Klif.

Mergelekspedysje

Yn oktober 1913 ûndernaam in groep fan 34 geologen, archeologen, mynboukundich yngenieurs en oare wittenskippers in ekspedysje by Aldemardum. "Ze deden onderzoek naar de samenstelling van het keileem", fertelt Van de Ridder.
Mar der wie ek noch in efterlizzende fraach: "Zit er voldoende mergel in het keileem dat geëxploiteerd kan worden voor de bemesting van de armere zandgronden? In mergel zit kalk en klei, dat zijn natuurlijke materialen die iets goed kunnen laten groeien. Men wist dat er wat zat, maar niet of het voldoende was om af te graven en uit te strooien over de weilanden."

Ferneamde wittenskippers

It wie in renommearre ploech minsken op 'en paad. Sa wie Johan Deelken (1885-1948) mei, in bekende mynboukundige dy't in soad oer ierdoalje wist. En Christiaan van Balen (1859-1945) gie as notulist mei, hy wie in bekende skriuwer fan ierdrykskundeboeken. Hy wurke ûnder oare mei Pieter Roelf Bos, dy't foar de earst Bosatlassen soarge.
Der waard wiidweidich ferslach dien. "Van het klif begaf de excursie zich langs de zooeven genoemde mergelkuil naar Oudemirdum, vanwaar per rijtuig de terugtocht ondernomen werd. Te kwart voor vier in Stavoren aangekomen voerde de trein ons spoedig daarna naar Groningen", stiet der yn in boekwurkje dat noch bewarre bleau.
Christiaan van Balen van Johan Deelken ûndersykje de grûn fan it Aldemardumer Klif © Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân
"Bestudeering van het keileemvraagstuk", dêr draaide it om. De mergel yn it balstienliem koe mooglik brûkt wurde om de earme lânbougrûn fan Gaasterlân te ferrykjen.
"De weilanden van Zuidwest-Fryslân blinken niet uit in vruchtbaarheid, het was arme grond in het verleden", seit Van de Ridder. "Keileem zorgt ervoor dat het water in de bovenste laag blijft zitten, het blijft natte grond. Maar er zit een onvruchtbare zandlaag bovenop."
Arnoud van de Ridder fertelt oer it Aldemardumer Klif
Balstienliem is wat fruchtberder, mar it is ek hurd en it sit te djip yn de grûn. "Bovendien is de samenstelling in Gaasterland ook niet geweldig."

Te min mergel

As de mergel geskikt wie, soene dêrfoar wol de kliffen ôfgroeven wurde moatte. Dêrom giene de wittenskippers mei de pjukstôk op 'en paad, om de boaiemtastân en it geologyske ôfsetten troch de tiid hinne te ûndersykjen.
Dochs kamen de wittenskippers fan in sljochte reis thús. "Het bleek na lang onderzoek niet het geval: er zat te weinig mergel in het keileem en de samenstelling was te arm om het te gebruiken als meststof." Der waard mergel fûn, mar konklúzje wie dat eksploitaasje net rendabel wêze soe.
De grûnlagen fan it Aldemardumer Klif © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Sa bleau it Aldemardumer Klif besparre. It klif is lykas it Murnzer Klif en it Reaklif ûntstien yn de Saale IIstiid, mear as 130.000 jier lyn. IIs út Skandinavië dreau de grûn omheech. Grint, sân en liem waarden yn de iismassa's fermealle ta balstienliem.
"De kliffen liggen als een lint aan de zuidkant van Fryslân", leit Van de Ridder út. "Als een bulldozer schoof het ijs grond en alles wat het tegenkwam vooruit, deze kant op. Dat heeft de glooiing in het landschap achtergelaten. Het is van oorsprong een stuwwallenlandschap."

Eroazje troch it wetter

Doe't it iis weromluts en ferdwûn, naam ek de seespegel ta. "Daardoor ontstond een groot binnenmeer. Eerst noemde men dat het Flevomeer, later de Zuiderzee."
It smeltwetter soarge foar eroazje en brokkele de kust ôf, de trije kliffen bleaune oer. "Doordat er hier een harde laag keileem onder zit, kwam het water tegen het keileem aan en brokkelden er steeds stukjes af." Nei it ôfsluten fan de Sudersee waard it klif stadichoan minder steil en kaam der mear begroeiïng.
© Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân
Yn 1927 kocht Natuurmonumenten de earste sân bunder grûn fan in feehâlder, yn 1930 en 1933 folgen noch twa oankeapen. It Aldemardumer Klif waard dêrmei in natuergebiet.

Natuerwearde

It hat as natuer noch altyd in grutte wearde foar briedfûgels, lytse sûchdieren en dassen, mar ek foar bysûndere planten as de streepte klaver, seestikel en wasplaten.
Van de Ridder is noch altyd fassinearre troch it ferhaal. "Ik ben als aardrijkskunde- en geschiedenisleraar opgeleid, dus je bent nieuwsgierig naar je eigen leefomgeving en landschap. Gaandeweg ontdek je hoe mooi dit landschap is."
"Soms voel je nog wel eens de tijdsgeest van toen", seit Van de Ridder. "In gedachten zie ik de mannen van die foto's hier nog rondlopen."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere op de radio. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.