Omrop Fryslân

Merel Bosma twadde op iepen NK maraton op Weissensee, Harm Visser tsiende

Merel Bosma (links) twadde op iepen NK maratonreedriden Weissensee 2023
© ANP
Merel Bosma fan It Hearrenfean is snein twadde wurden op it iepen NK maratonreedriden op de Weissensee yn Eastenryk. Harm Visser fan De Westereen einige as tsiende by de manlju.
De wedstriid by de froulju waard wûn troch Ineke Dedden. Sharon Hendriks einige as tredde. Gary Hekman wûn by de manlju. Jordy Harink en Luuk ter Haar waarden twadde en tredde.
Merel Bosma twadde op it iepen NK op de Weissensee: "Hoofddoel blijft overwinning op natuurijs"
De Fries Harm Visser foel yn de slotfaze fan de wedstriid. Op sawat 1 km foar de finish besocht er wer oansluting te finen by de kopgroep, mar koe net mear folle útrjochtsje. Hy waard úeinlik dus tsiende.

Earder as gewoan

De Weissensee wurdt sneins ek in soad brûkt troch de pleatslike befolking dy't ride wol. Dêrom moatte de wedstriden op syn lêst om 11.00 oere dien wêze. Der wurdt boppedat teiwaar ferwachte en dan is it saak om sa betiid mooglik te riden. De organisaasje hat de ôfstannen fan de wedstriden wat ynkoarte. De manlju rieden 120 kilometer yn stee fan de gebrûklike 150 en de froulju 80 yn stee fan 100.
It is de earste wedstriid op de Weissensee fan dizze wike. Earder waarden ferskate wedstriden, ek foar toerriders, skrast: de kwaliteit fan it iis wie fanwegen alle snie te min.
Kommende wike wurde der noch twa wedstriden ferriden yn Eastenryk.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.