Fergeze tongersdei smyt jubilearjend Natuermuseum tsien kear safolle besikers op

Museumbesikers by de opsette bisten © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Om it 100-jierrich jubileum te fieren is Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert dit jier alle tongersdeis fergees tagonklik. Op de earste dei wienen der 10 kear safolle besikers as op in gewoane tongersdei.
Omdat se der foar elkenien wêze wolle, rjochtet it museum him op famyljes dy't net folle te besteegjen hawwe. Under oaren mei de krante en de sosjale media besiket it museum minsken te berikken, seit projektlieder jubileumjier Jantina van der Ven. "We hebben uitgebreid geflyerd. Bij de Voedselbank, de Buurvrouw en Buurvrouwwinkel en met Amaryllis. En we hopen dat nu juist gezinnen, kinderen, maar ook ouderen komen die anders de gang niet maken."
Fergeze tongersdei smyt jubilearjend Natuermuseum tsien kear safolle besikers op
De famylje Vellema is mei trije persoanen entûsjast. "We hebben van vrienden en onze hulpverlening gehoord dat het gratis was op donderdag. Dat is natuurlijk helemaal te gek voor mensen met een kleine portemonnee, waaronder wij ook helaas. Door schulden, hogere kosten van alles, benzine, boodschappen, alles is duur."
It Natuermuseum is in perfekt útstapke foar de famylje Vellema. "Mijn zoontje is heel erg gek op dino's, die wilde al heel graag een keertje komen. Dat kon steeds niet, dus we waren helemaal in de gloria, dat we vandaag konden gaan."
By it skelet Trix © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Mooi", seit har soan Milan Vellema oer Trix, de grutte Tyrannosaurus rex wêrfan't it skelet yn it museum stiet. "Dit ziet er wel echt uit." De Vellema's wolle alle wiken wol komme. "We wonen hier om de hoek, dus dat is echt te gek", fynt Cleo Vellema.

Drok foar in tongersdei

De Vellema's wienen net de iennigen dy't dus gebrûk makken fan de mooglikheid. "We hienen foar 10.00 oere de earste minsken al op de stoepe stean", seit direkteur Froukje Hernamdt. "We gean wol oer de twahûndert minsken en dat is foar in tongersdei nei in hiele drokke krystfakânsje echt hiel prima."
Ferline jier hie it museum tsjin de 50.000 besikers yn alve moannen tiid (yn jannewaris wie der noch in lockdown), dêrmei is Hernamdt hiel tefreden.
Tyrannosaurus rex Trix yn it Natuermuseum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It Natuermuseum is alle tongersdeis fergees tagonklik, útsein de skoalfakânsjes. De fergeze dei wurdt mei mooglik makke troch fûnsen as Stichting Het Nieuwe Stadsweeshuis, ferskate wykfûnsen en it Leeuwarder Ondernemersfonds.

Jubileumjier

Om it jubileum fierder te fieren komt der yn maaie in festivalwykein wêrby't de oprjochter huldige wurdt. Yn de simmer is der in famyljeprogramma en letter noch in sympoasium.