Krysttiid by de Schreuders as in waas foarby: "Je witte it noait mei Poetin"
Yn Oekraïne is de krysttiid ek foarby, dy't dêr begjin jannewaris is. Jorrit Schreuder wennet no mei syn Oekraynske frou en twa dochters op it plattelân omdat Kiev dochs te ûnrêstich waard. De krysttiid wie oars as ferline jier.
Ek op it plattelân komt de oarloch wol troch, al falle der gjin bommen en is der genôch te iten. Der binne in soad famyljes dy't in famyljelid hawwe dy't oan it front sit of dy't minsken ferlern hawwe yn de striid tsjin de Russen.
De krysttiid wie dan ek folle somberder as oars. Iten en drinken wie der genôch, mar ien fan de minsken by it iten hat in broer oan it front. "Dy hat it kâld. Wy libje hjir dochs ek wol yn in waas." Yn in doarp yn de buert wenje ek flechtlingen út it oarlochsgebiet fan Oekraïne.
Jorrit Schreuder fertelt oer syn krysttiid
De krysttiid wurdt altyd fierd mei tolve mielen, dy't symboal steane foar de tolve apostels en der wurdt toast op in moai nij jier. No is it mar ôfwachtsjen wat dat jier bringt.
Foar de Schreuders is it wol dúdlik dat sy foarearst yn Zapdin bliuwe. Mei âld en nij foelen der wer in soad raketten yn Kiev. Ien sels op 700 meter fan harren flat ôf. "Wy sitte hjir goed, it jout ús rêst. Hoe lang dat duorje sil? Ik wit it net."
Ek al falt fjouwer oant fiif kear deis de stroom út, it is better as de ûnwissigens yn Kiev. Net ien wit hoe't it de kommende tiid gean sil.
"Je witte it noait mei Poetin"
Der binne in soad ferhalen oer plannen fan Poetin en militêren yn Belarus. Schreuder makket him dêr soargen oer. Hy is benaud dat der dochs wer in oanfal komt. "Je witte it noait mei Poetin."
De famylje wennet no yn in gebiet dat tichter by de grins leit, mar dat is net in reden om fuort te gean. It is gjin strategysk punt en dat makket it dochs rêstiger.
It waar yn Oekraïne is wer âlderwetsk kâld. De bern binne sels oan it reedriden en der falt in bytsje snie. De temperatuer lei dizze wike om de -10 graden hinne.
De wiken hjirfoar wie dat oars. It wie goed boppe nul en dat is net gewoan yn Oekraïne. Dat is noflik as de kachel it net docht, mar dêr't Schreuder by syn skoanmem wennet is it ien grutte drekboel wurden.
Fan modder nei froast
Dat is dêr net sa slim, mar oan it front wie dat ek sa. Dat is dreech foar it leger. De tanks en oar swier materieel rekket der yn fêst. "It is dêr in grutte griemboel."
No't it wat friest, ferminderet dat probleem. Mar de kjeld op himsels is ek in probleem. Schreuder tinkt lykwols dat de Russen dêr mear problemen mei hawwe omdat se minder goeie klean hawwe.
Der geane no ferhalen rûn, Schreuder wit net oft it wier is, dat der grutte fleantugen mei klean fan Sina nei Ruslân fleane. Sa binne der in hiel soad geroften en ferhalen, mar net ien wit hoe't it fierder komt.
Ien ding is wol dúdlik: de Oekraïners binne net fan doel op te jaan. De reade stjer fan Ruslân spat yn de nijjierswinsk folslein útinoar.
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje dêr ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. De kommende tiid docht hy syn ferhaal by ús.