Foarútsjen mei Reitse: mear jongeren waarm meitsje foar skipsbou
Yn de earste wike fan it nije jier sjogge presintator Miranda Werkman en telefyzjekok Reitse Spanninga mei gasten foarút op it nije jier. Yn dizze twadde ôflevering prate se oer de takomst fan de skipfeart.
Poalen, Roemenië, Kroasië; oeral komme se no wei. Fonger Talsma fan skipswerf Talsma Shipyards yn Frjentsjer hat op dit stuit acht fakatueres iepen stean. En der is gjin Fries te finen. "De arbeidsmigranten leverje goed wurk, dêr net fan, mar de measten wolle dochs werom nei har heitelân en dan is it dreech in team op te bouwen", seit Talsma.
Te min sichtber
Boppedat moat neffens Talsma de kennis oer it bouwen fan in skip ek yn eigen lân bliuwe. Direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie yn Harns is it dêr foar in grut part mei iens. Neffens Mintjes is de maritime sektor net mear genôch yn it sicht. Op skoallen moat neffens him better dúdlik makke wurde hoefolle mooglikheden op in baan oft der yn de skipfeart binne.
Der is neffens him net genôch besef fan alle mooglikheden yn de skipfeart, benammen as it giet om technyske beroppen. Der is te lang klam lein op it mei de holle wurkjen.
Mintjes is bliid mei de grutte kampanje 'Kom aan boord' dy't aanst fan start giet. Want as de learlingen ienris binnen binne, wurde se hiel entûsjast, sjocht er. Mooglik helpt de nije telefyzjesearje ek.
Yn de telefyzjesearje 'Skipsbou foar begjinners' giet Emiel Stoffers ferskate werven yn Fryslân by del. De sjonger fan de populêre band De Hûnekop giet hjirmei werom nei syn roots. Yn 1997 gie er sels oan 'e slach op in werf. It learen woe net sa. Lang stilsitte wie neat foar him, mar hy wenne al op keamers yn Ljouwert en moast wat dwaan.
Wurkje mei de hannen
Yn dy tiid wie der ek in grutte kampanje om jongeren de werf op te krijen. It foldie Stoffers poerbêst. Wurkje mei de hannen, alle dagen yn in fêst ritme en slop prate mei kollega's. It hat him ynspiraasje jûn foar in soad ferskes dy't er no spilet mei De Hûnekop. Doe't de band mear sukses krige, hat er syn wurk op de werf ôfsein. It wie net mear te kombinearjen: oant de lette oerkes optrede en dan moarns kertier oer seizen wer nei de werf.
Yn de searje is goed te sjen dat Emiel der noch altyd gefoel by hat. Werom de skipsbou yn wol er net, ek al kribelet it wol. Noch alle dagen hat er profyt fan alles wat er leard hat. Sa lasket er noch altyd sels fan alles oan syn auto as der wat stikken is.
Dizze wike alle dagen om 17.19 oere sjogge telefyzjekok Reitse Spanninga en presintator Miranda Werkman yn it programma 'Foarútsjen mei Reitse' foarút op in nij jier. Dat dogge se yn har pop-up restaurant yn de Recycle Boulevard, mei ferskate gasten oan tafel en yn de keuken.