Omrop Fryslân

Foarútsjen mei Reitse: op nei in plestikfrije wrâld en opnij te brûken guod

Yn de earste wike fan it nije jier sjogge presintator Miranda Werkman en telefyzjekok Reitse Spanninga mei gasten foarút op it nije jier. Yn de earste ôflevering prate se mei trije Ljouwerter undernimmers dy't harren ynsette foar in bettere en duorsumere mienskip.
Genôch foar in bankpas, safolle plestik hawwe we yn ús liif. En de strannen fan Baly lizze fol mei smoargens, benammen plestik. As studinte Ondernemerschap & Retail Management oan NHL Stenden yn Ljouwert learde Dorien Beijk dat de wrâld te krijen hat mei in grut ôffalprobleem. It makke har ferskriklik lilk.
Dorien Beijk
© Omrop Fryslân
Wylst se op staazje wie yn Azië kaam se op it idee om plestikfrije badkeamerartikels te meitsjen, fan wattestokjes en sjampo oant toskpoetsersguod. Har bedriuw Loofy's hat yntusken 125 fysike en online ferkeappunten.
Plesikfrije badkeamerartikels
© Omrop Fryslân
Har ambysje foar 2023 is om har plestikfrije produkten yn hotels te krijen. Fansels om jild te fertsjinjen, mar eins noch wol mear om op dy wize mear minsken yn kontakt te bringen mei duorsume produkten. "Hoe mear minsken oft sjogge dat der ek produkten binne sûnder plestik, hoe makliker it wurdt om dan ek te kiezen foar de alternativen."
Mei har bedriuw hopet se minsken te ynspirearjen om plestikfrij te libjen. "As persoan allinne ha je net safolle ynfloed, mar mei in bedriuw kinne je wol ferskil meitsje."
Jeroen Dijkstra fan Pottle
© Omrop Fryslân
Mei twa freonen rjochte Jeroen Dijkstra it Ljouwerter bedriuw Pottle op. Se woene net op harren tachtichste mei spyt weromsjen op it libben, mar leaver wat dwaan dêr't se wille oan hawwe en dat wat betsjutte kin foar de mienskip.
Sa kamen se op it idee om fan wynflessen wer duorsume produkten te meitsjen, lykas drinkglêzen, krûdepotsjes en kearsehâlders.
Produkten makke fan wynflessen
© Omrop Fryslân
Se helje de lege flessen op by de Ljouwerter hoareka en meitsje dêr, mei in team fan minsken dy't oars deibesteging dogge, nije duorsume produkten fan. Mei harren wurk wolle se oaren oan it tinken sette.
It doel is binnen no en twa jier mei oare ûndernimmers in cycle-up-hub yn Ljouwert del te setten, sadat al dy bedriuwkes op ien plak komme en inoar fersterkje kinne.
De fraach nei twaddehânsk klean nimt ta
© Omrop Fryslân
By de Estafette yn Ljouwert sjocht Jittie Maurits dat de fraach nei twaddehânsk klean tanimt. De Estafette is ûnderdiel fan de Recycle Boulevard fan de Omrin.
Al it tekstyl wurdt goed neisjoen en yn guon gefallen wurdt der in hiel nij stik klean fan makke yn it naai-atelier.
Jassen fan tekkens
© Omrop Fryslân
Sa binne de jassen makke fan âlde tekkens hiel populêr op dit stuit. "We sjogge noch altyd dat der in soad minsken mei in lytse beurs komme, mar ek in nije groep minsken dy't bewuster winkelje wol."
De ferkeap nimt ta. Trochdat it ekonomysk minder giet, mar ek omdat de groep konsuminten groeit, dy't net mear meidwaan wol oan de fast fashion.
Reitse en Miranda sjogge foarút
© Omrop Fryslan
Dizze wike alle dagen om 17.19 oere sjogge telefyzjekok Reitse Spanninga en presintator Miranda Werkman yn it programma 'Foarútsjen mei Reitse' foarút op in nij jier. Dat dogge se yn har pop-up restaurant yn de Recycle Boulevard, mei ferskate gasten oan tafel en yn de keuken.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.