Omrop Fryslân

Andries Noppert noch net dwaande mei transfers: "Sit no by de klup fan myn dreamen"

Andries Noppert is wer werom by sc Hearrenfean
Andries Noppert sil ynkoarten om tafel mei sc Hearrenfean om oer syn takomst te praten. Dat sei de doelman woansdeitemiddei by in parsemomint yn it Abe Lenstra Stadion.
Dat wol lykwols net sizze dat 'De Tower fan De Jouwer' dizze winter perfoarst in transfer meitsje sil, want "ik sit no by de klup fan myn dreamen".
In soad fragen op it parsemomint gongen, logysk, oer de takomst fan Noppert. Under mear Ajax en klups út de Serie A soenen belangstelling hawwe foar him.
Dit is miskien it momint om jild te fertsjinjen foar de klup.
Andries Noppert
Mei in transfer is er "sels net dwaande", mar "dit is miskien it momint om jild te fertsjinjen foar de klup". Noppert giet der lykwols fan út dat er op 7 jannewaris ûnder de latte stiet tsjin RKC Waalwijk. "En dat is foar my beslist gjin straf."

Weromsjoen

Noppert stie woansdei foar it earst wer op it trainingsfjild op It Hearrenfean nei de útskeakeling op it WK fuotbal yn Katar. Nederlân ferlear yn de kwartfinale fan Argentinië nei strafskoppen. Hy hold gjinien penalty tsjin, mar seach der wol ien neist gean.
De doelman hat noch fiif dagen lêst hân fan dy útskeakeling, mar hat de teloarstelling yntusken ferwurke. "Ik haw it noch wol in kear weromsjoen, mar dêr waard ik net echt fleurich fan. Dus dat haw ik dêrnei net mear dien."

Wurden mei Messi

De penaltyrige wie nei ôfrin in grut ûnderwerp yn de Nederlânske, mar ek seker yn de Argentynske media. "Ik haw op foarhân sein dat ik in penalty fan Messi pakke kin. Dêr stean ik noch hieltyd efter", seit Noppert.
Dy wurden foelen net yn goede ierde by Messi. "Dat moat er sels witte. Dat makket my net safolle út. As keeper moatte je wis wêze, mar it hat net goed útpakt. Oars hie ik 'm wol pakt."
Andries Noppert en Lionel Messi yn de strafskopperige tusken Nederlân en Argentinië
© ANP
Net allinnich Messi wit no wa't Andries Noppert is, mar ek de measte Nederlanners rinne 'm net samar mear foarby. "Dat wie ik net wend, dus dat is allegearre nij", seit hy. "Ik kin net mear gean en stean wêr't ik wol."
It dreechste fynt Noppert dat minsken ek stikem foto's en filmkes fan him besykje te meitsjen. Doe't er mei syn famylje op fakânsje wie by Apeldoorn bygelyks. Guon minsken efterfolgen him sels. "Minsken doarre it miskien net te freegjen, mar klopje my op it skouder en ik sil alles foar dy dwaan. Ik nim foar elkenien de tiid."

Frou is kritysk

Noppert jout ta dat er net alles meikrigen hat yn Katar, mar dat der op 'e Jouwer in soad belangstelling foar him wie, is him efterôf wol dúdlik wurden. "In bierke. Taart. Elke kear feest yn de kroech dêr't ik earder wolris kaam. It is moai dat minsken genietsje fan hoe't ik it doch", seit Noppert. "It seit in soad oer hoe grutsk oft de minsken binne."
Kafee De Jouwer sjocht nei Nederlân-Senegal
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De famylje fan Noppert is fansels it meast grutsk. Al is syn frou ek kritysk. "'Hiest dy bal net ha kinnen?', frege se. As ik de wedstriid werom sjoch, kom ik ek ta dy konklúzje. Miskien is it wol wat te koart troch de bocht. Mar al myn freonen wienen grutsk. Ik haw allinnich mar moaie reaksjes hân."
Benaud dat der fan no ôf in oare Noppert yn it Abe Lenstra Stadion omrint, hoege de fans net te wêzen. "Ik besykje de persoan te bliuwen dy't ik altyd al bin."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.