Krijt Thialf dit wykein it stadion wol fol mei de World Cup reedriden?

In frij leech Thialf by it World Cup Kwalifikaasjetoernoai, trije wiken lyn © Orange Pictures
IIsstadion Thialf is dit wykein it poadium foar de twadde wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Mar rinne de reedrydfans wol waarm foar in wykeintsje op It Hearrenfean?
De belangstelling foar it earste toernoai fan it jier yn Thialf, it World Cup Kwalifikaasjetoernoai (WCKT) ein oktober, wie net grut. Somtiden wiene der mear lege plakken te sjen as groepkes Oranjefans. Dy oanblik die ek Patrick Wouters, direkteur by mei-organisator House of Sports, sear.

De temperatuer bûten

"Natuurlijk zie ik ook liever volle tribunes dan beton. Maar eigenlijk was de belangstelling niet anders dan anders voor een toernooi in die periode. Bovendien zitten we nog vroeg in het seizoen en staan er nog geen grote prijzen op het spel. En vergeet niet dat het buiten twintig graden was op dat moment. "
Nederlân wie dêrtroch ek net yn reedrydstimming, tinkt Wouters. "Dat het komend weekend gaat vriezen, dat is al heel wat beter."
It programma foar de Friezen dit wykein:
Freed 18 novimber
- Massastart froulju mei Marijke Groenewoud
- Massastart manlju mei Jorrit Bergsma
- 1000 meter froulju mei Marrit Fledderus, Michelle de Jong en Antoinette Rijpma-de Jong
Sneon 19 novimber
- 1500 meter froulju mei Antoinette Rijpma-de Jong, Marijke Groenewoud en Reina Anema
- 5000 meter manlju mei Jorrit Bergsma
- Teamsprint froulju mei Femke Kok, Marrit Fledderus en Michelle de Jong
Snein 20 novimber
- 500 meter froulju mei Femke Kok, Marrit Fledderus en Michelle de Jong
- 3000 meter froulju mei Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud
Yn totaal kinne der in lytse 10.000 man op de tribune. "Het schaatsen begint echt te borrelen als het december loopt. De eerste aanloop vanaf november gaat altijd wat stroever."
Wouters tinkt dan ek dat it publyk geandewei it jier manmachtiger de wei nei Thialf fine sil. "Met het Nederlands kampioenschap, dat een plaatsingsmoment is voor het wereldkampioenschap dat ook in Thialf wordt gehouden dit jaar, ben ik overtuigd van een volle bak. Dan staat er een grote prijs op het spel en zitten we ook lekker in het seizoen zeg maar."
Dochs kin Wouters him fine yn de ferhalen dat de lege tribunes gjin reklame foar de sport binne. "En dan moet je je realiseren dat er in het buitenland soms bijna helemaal niemand zit. Dan valt het hier nog alleszins mee. Maar ik snap de beeldvorming, zeer zeker."
Patrick Wouters fan House of Sports
Op dit stuit rint de kaartferkeap nei ferwachting, seit Wouters. "Vrijdag zal het nog wat rustig zijn, maar dat heeft ook te maken met het programma en het feit dat het op een vrijdagmiddag om 17.00 uur begint. Maar zaterdag en zondag verwacht ik dat we richting de 4.000 kaarten per dag gaan. Dat is voor een World Cup in november prima."

Nije generaasje

In pear grutte nammen yn it reedriden binne opholden, mar der steane neffens Wouters al wer nije en oare bekende nammen klear. "Met Irene Schouten, Jutta Leerdam en Kjeld Nuis, Thomas Krol. We krijgen een hele nieuwe generatie, die staat volle bak op de deur te kloppen."
Wouters sjocht it meast út nei it WK ôfstannen fan 2 oant 5 maart. Dat is it 'haadgerjocht' foar him. "Een week of vier ervoor is het NK afstanden in februari. Dat zijn wel de twee klapstukken. En tussen Kerst en Oud en Nieuw het NK allround en sprint, als kwalificatie voor het EK begin januari. Dat is traditiegetrouw ook een mooi toernooi waar de mensen naartoe komen."